The Suicide Squad is in Amerikaanske superheldefilm út 2021 ûnder rezjy fan James Gunn, mei yn 'e haadrollen Idris Elba en Margot Robbie. De titel betsjut "De Selsmoardienheid". De film heart ta de DC Extended Universe-filmsearje, dy't basearre is op 'e strips fan útjouwerij DC Comics. As sadanich folget er op 'e film Wonder Woman 1984 en giet er foarôf oan Black Adam. The Suicide Squad is in ferfolch op 'e hast lyknammige film Suicide Squad út 2016. It ferhaal giet oer in stikmannich supersmjunten dy't ûnder twang troch de Amerikaanske oerheid rekrutearre wurde út finzenissen. Se krije opdracht om yn it (fiktive) lân Corto Maltese, dêr't koartby in steatsgreep plakfûn hat, in geheim laboratoarium en alle spoaren fan it ûndersyk dat dêr dien, te ferneatigjen. The Suicide Squad krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, mar die it yn 'e bioskopen net al te bêst. Foar in part wie dat te witen oan 'e koroanapandemy en foar in oar part oan it feit dat de film tagelyk ek fia streamingtsjinst HBO Max beskikber makke wie. The Suicide Squad wûn ien Satellite Award.

Plot Amanda Waller, de ûnmeilydsume direktrise fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst A.R.G.U.S., stalt twa teams fan supersmjunten gear dy't finzen holden wurde yn 'e Penitinsjêre Ynrjochting Belle Rêve. Yn ruil foar harren meiwurking krije de finzenen ferkoarte selstraffen. As se net meiwurkje wolle, nimt Waller har taflecht ta sjantaazjepraktiken. De leden fan 'e elts fan 'e teams, dy't ynformeel bekend komme te stean as "Selsmoardienheid", binne net op 'e hichte fan it bestean fan it oare team. Beide teams wurde nei it (fiktive) Latynsk-Amerikaanske lân Corto Maltese stjoerd, dêr't de pro-Amerikaanske diktator by in bloedige steatsgreep koartby ferfongen is troch in anty-Amerikaanske militêre gûnta. It doel fan 'e misje is om it laboratoarium Jötunheim te ferneatigjen, dat nei de Twadde Wrâldoarloch troch flechte nazy-wittenskippers opset is. Yn 't bysûnder moat alles dat mei it saneamde Projekt Seestjer te krijen hat, útwiske wurde, om't it te gefaarlik is om yn 'e hannen fan 'e militêre gûnta falle te litten.

De earste Selsmoardienheid stiet ûnder lieding fan kolonel Rick Flag en bestiet fierder út 'e supersmjunten Savant, Captain Boomerang, Blackguard, T.D.K., Javelin, Mongal en Weasel. Op it lêste momint wurdt dêroan noch de geastlik steurde froulike krimineel Harley Quinn tafoege. Dat team reizget nei Corto Maltese ta, in lân dat bestiet út in eilannegroep. It team fiert by nacht in lâning út, wêrby't Weasel al troch ferdrinking omkomt noch foar't de kust berikt is. Op it strân wurdt it team opwachte troch in grutte troepemacht fan it Cortomalteeske leger. It docht bliken dat de maklik manipulearbere Blackguard it team ferret hat troch harren komst troch te dwaan oan it militêre rezjym yn Corto Maltese. Hy ferwachtet dêrom as in held ûnthelle te wurden, mar komt bedroegen út. Yn 'e mande mei de oare leden fan 'e Selsmoardienheid wurdt er troch de Cortomaltezers ûnmeilydsum ôfslachte. Fan it earste team oerlibje inkeld kolonel Flag en Harley Quinn it bloedbad op it strân. Flag wurdt finzen nommen troch in ûnbekende wapene groep nei't er it oerwâld yn flechte is, wylst Harley op it strân oerweldige wurdt troch de Cortomalteeske soldaten nei't se troch in stjerrende Javelin bejeftige is mei syn boppenatuerlike spear.

Underwilens giet op in oar plak op itselde eilân ûngemurken de twadde Selsmoardienheid oan lân, dy't ûnder lieding stiet fan 'e hiermoardner Robert DuBois alias Bloodsport. Dyselde wie ien fan dejingen dy't wegere om Waller har spultsjes mei te spyljen. Dat loste Waller op mei it drigemint dat se derfoar soargje soe dat syn sechstjinjierrige dochter Tyla, dy't foar dieverij arrestearre wie, yn it tichthûs ferkrêfte wurde soe. It team bestiet fierders út Christopher Smith alias Peacemaker, in waanwize skerpskutter en hiermoardner; Cleo Cazo alias Ratcatcher 2, in jonge Portegeeske frou dy't brune rotten har wil oplizze kin; Abner Krill alias de Polka-Dot Man, it geastlik skeinde slachtoffer fan in mislearre eksperimint fan syn eigen mem; en Nanaue oftewol King Shark, in net bjuster yntelliginte en op minskefleis longerjende krusing fan in minske en in wite haai. It docht bliken dat Waller op 'e hichte wie fan it ferrie fan Blackguard en it sels temûk fasilitearre hat, mei't se de earste Selsmoardienheid fan it begjin ôf oan al bedoelde as ôfliedingsmaneuver, sadat it twadde team sûnder swierrichheden Corto Maltese binnenkringe koe.

It team fan Bloodsport set troch it tropysk reinwâld hinne ôf nei Jötunheim, mar wannear't Waller foar it ferstân kriget dat kolonel Flag noch yn libben is, jout se Bloodsport-en-dy nije oarders. It team moat no earst Flag befrije, dy't troch libbensgefaarlike terroristen fêstholden wurdt. Bloodsport-en-dy spoare it kamp op dêr't Flag finzen holden wurdt en slachtsje de terroristen ôf. Pas neitiid, as se Flag rêstich teedrinkend en pratend mei de liedster fan 'e 'terroristen' oantreffe, krije se foar it ferstân dat se in ienheid frijheidsstriders útmoarde hawwe, dy't fjochtsje foar demokrasy yn Corto Maltese. De liedster, Sol Soria, is dêr begryplikerwize raar oer gesteld, mar hja beslút it team likegoed te helpen, om't it doel fan harren misje alteast foar in diel oerienkomt mei de aspiraasjes fan 'e rebellen. Mei help fan 'e opstannelingen ynfiltrearret it team de haadstêd en ûntfiert dêr Gaius Grieves, byneamd De Tinker, in wittenskipper dy't de lieding hat oer Projekt Seestjer.

Underwilens wurdt de finzen nommen Harley Quinn by de nije diktator fan Corto Maltese brocht, generaal Silvio Luna. Dyselde hat gâns oer har heard en bewûnderet, sa seit er, har krewearjen om 'e fêstige oarder yn 'e Feriene Steaten ûnder fuotten te heljen. Hy is fan fierrens fereale op har rekke en makket har no it hof om't er mei har trouwe wol. Dat houliksoansiik komt oan 'e ein fan in romantyske dei tegearre. Harley Quinn jout him tawurd, wêrnei't it stel op hertstochtlike wize de leafde bedriuwt. Neitiid mimeret generaal Luna oer syn plannen foar de takomst, dy't in almar driigjender toan oannimme, oant er fertelt dat er fan doel is om 'e froulju en bern fan syn politike tsjinstanners te brûken foar deadlike eksperiminten yn it ramt fan Projekt Seestjer. Harley, dy't harsels nei't it útrekke wie mei de Joker ûnthjitten hat om nea wer sa'n toksyske relaasje oan te gean, pakt dêrop in pistoal en sjit Luna dea. Hja wurdt dêrnei wer finzen nommen.

Kolonel Flag komt derefter dat Harley Quinn noch libbet en finzen holden wurdt yn it presidinsjeel paleis. Mei it team fan Bloodsport set er in rêdingsaksje op tou. Harley wurdt ûnderwilens martele troch de nije lieder fan 'e militêre gûnta, generaal-majoar Mateo Suárez, in âldere, ekstremere ferzje fan Luna, dy't syn foargonger as in ûnferbetterlik romantikus beskôget. Harley is him en syn trewanten lykwols te fluch ôf, deadet har boal en ûntkomt mei de spear fan Javelin út it paleis. Bûten rint se Flag-en-dy tsjin it liif, dy't dan de plande rêdingsaksje ôfblaze kinne.

Fersterke troch Harley Quinn bejout it team him nei Jötunheim, dêr't se it swierbefeilige laboratoariumkompleks binnenkringe troch Grieves de tagongskoade ôf te twingen. Se ferniele de betsjinningspanielen fan 'e tagongsdoarren ear't se nei binnen ta geane, sadat Suárez en syn tahastige soldaten der net mear yn komme kinne. Ienris binnendoar begjint it team oeral eksplosiven oan te bringen. Flag en Cleo geane mei Grieves nei it sintrum fan it laboratoarium dêr't in reuseftich seestjer-eftich bûtenierdsk wêzen fêstholden wurdt, dat lytsere ferzjes fan himsels kreëarret om minsken te deadzjen en harren liken mei te animearjen. Grieves leit út dat dit wêzen, dat er de namme "Starro de Oermasterder" jûn hat, nei de Ierde brocht is troch Amerikaanske astronauten, wêrnei't it troch de Amerikaanske oerheid yn it djipste geheim nei Jötunheim ta brocht is foar alderhanne eksperiminten wêrby't de tsjinstanners fan 'e diktatuer yn Corto Maltese as testpersoanen tsjinstdiene. De Feriene Steaten koene sokke misdieden tsjin 'e minsklikheid fansels net op eigen boaiem duldzje, mar yn in Latynsk-Amerikaansk fazalsteatsje kraaide der gjin hoanne nei. Mar no't yn Corto Maltese in anty-Amerikaansk rezjym oan 'e macht kommen is, moat halje-trawalje alle Amerikaanske belutsenens by Projekt Seestjer útwiske wurde om't men yn Washington, D.C. skitende benaud is dat de militêre gûnta dêr in boekje oer iependwaan sil.

In troch dy útlis ta razernij brocht Flag nimt de hurde skiif fan 'e sintrale kompjûter fan it laboratoariumkompleks yn beslach, mei as doel om alle Amerikaanske misdieden buorkundich te meitsjen. Nei in lang en dreech gefjocht wurdt hy lykwols deade troch Peacemaker, de iennichste fan it team dy't op 'e hichte wie fan 'e Amerikaanske belutsenens by Projekt Seestjer. (De amorele Peacemaker blykt troch Waller oan it team tafoege te wêzen om derop ta te sjen alle spoaren fan Projekt Seestjer folslein útwiske wurde.) De hurde skiif komt lykwols yn 'e hannen fan Cleo, dy't dermei útnaait. Underwilens reitsje Bloodsport, Harley Quinn en de Polka-Dot Man slaande deilis mei de bewekkers fan it laboratoariumkompleks, wêrby't de Polka-Dot Man by fersin de pleatste eksplosiven foartidich ôfgean lit. Wylst it laboratoarium ynstoart, komt Peacemaker Cleo tenei. Op it stuit dat er har deasjitte wol om't se de útlis fan Grieves heard hat, wurdt er lykwols sels delsketten troch Bloodsport, dy't de hurde skiif yn besit nimt.

Starro de Oermasterder, dy't troch it ynstoarten fan it laboratoarium nei mear as fyftich jier einlings frijkomt, nimt wraak op Grieves troch him op te pakken en útinoar te skuorren. Ek generaal-majoar Suárez en syn soldaten falle ta proai oan it bûtenierdsk wêzen, dat neitiid de haadstêd yn giet mei de bedoeling om alle ynwenners te deadzjen en dêrtroch sels noch grutter en ûnferslaanberder te wurden. Waller is tefreden mei it sljochtsjen fan Jötunheim en befellet de Selsmoardienheid om nei hûs te kommen. Dat Starro in hiele stêd útmoardzje wol, kin har neat skele, want Corto Maltese is gjin freon mear fan 'e Feriene Steaten. Bloodsport, Harley, Cleo, Nanaue en de Polka-Dot Man negearje har oarders lykwols, en geane efter Starro oan. Dy oerhearrigens driuwt Waller ta razernij en se driget de eksplosiven, dy't se by elts fan 'e leden fan 'e Selsmoardienheid yn 'e nekke ymplantearje litten hat, op te blazen, oant se troch leden fan har eigen stêf bewusteleas slein wurdt.

Yn 'e stêd geane Bloodsport-en-dy de striid oan mei Starro de Oermasterder, wêrby't se help krije fan Waller har ARGUS-stêf dy't tagong ta satellytbylden fan Corto Maltese hat. De Polka-Dot Man komt om as Starro op him stean giet en Nanaue wurdt troch it meunster tydlik bûten gefjocht steld. Bloodsport rekket troch syn munysje hinne, mar mei de spear fan Javelin trochboarret Harley it iennichste each fan Starro, wat in ûnbidige, de troch Cleo oproppen kliber rotten in tagongswei jout om yn it lichem fan it bûtenierdsk wêzen binnen te kringen. Dêr begjinne se alle ferbinings, lykas senuwen en pizen, troch te gnabjen, sadat Starro úteinlings fan binnenút komt te ferstjerren. Wylst it Cortomalteeske leger troch alle rebûlje ôflaat is, kringe Sol Soria en har rebellen it presidinsjeel paleis binnen, dêr't se de restearjende leden fan 'e militêre gûnta deasjitte en de macht yn it lân oernimme.

Nei't alle o-heden foarby is, nimt Bloodsport kontakt op mei Waller. Hy lit har witte dat er de hurde skiif fan Jötunheim hat mei alle ynformaasje oer Projekt Seestjer. As Waller him en de oare oerlibjende leden fan 'e Selsmoardienheid net gean lit, sil er dy ynformaasje trochjaan oan 'e media. Ek easket er dat Waller derfoar soarget dat de oanklachten tsjin syn dochter Tyla ynlutsen wurde. Waller jout belies en stimt yn mei wat er wol. Bloodsport, Harley, Cleo en Nanaue wurde oppikt út Corto Maltese en geane nei hûs.