Evert Cornelis Drost (Langbroek, 1906 - Grins, 28 july 1949) wie in Nederlânske meiwurker fan de SD, ien fan de Dútske plysje-organisaasjes ûnder it gesach fan Heinrich Himmler en it Reichssicherheitshauptamt yn Berlyn, yn de Twadde Wrâldoarloch.

Drost wie yn Zeist wreed ferneamd wurden as "De Schrik van Zeist" en hy krige in reputaasje as in fanatyk ferfolger fan de Nederlânske Joaden. Yn 1944 kaam er te wurkjen op it Grinzer Scholtenhûs, it regionale haadkertier fan de SD. Drost hat talleaze minsken arrestearre en in tal moarden pleegd. Dêrfoar waard er ta de dea feroardiele en yn 1949 troch in fjoerpeloton eksekutearre.

Drost waard beïerdige op it 2e Needbegraafplak fan it gemeentlik begraafplak Selwerderhof yn Grins, tegearre mei it earder fusillearre SD'er Peter Schaap en Abraham Kaper. Drost leit dêr yn in anonym grêf mei it nûmer 707.

Kategory:Nederlânsk kollaborateur yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Lid fan de SD Kategory:Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden Kategory:Persoan dy't de deastraf krigen hat Kategory:Persoan berne yn 1906 Kategory:Persoan stoarn yn 1949