De eibertsbekiisfûgel (Pelargopsis capensis, foarhinne: Halcyon capensis) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae). De soarte waard yn 1766 foar it earst beskreaun troch Linnaeus.

Beskriuwing thumb|left|Eibertsbekiisfûgel yn Bangladesj. De eibertsbekiisfûgel is mei in lingte fan 35 sm in grutte iisfûgelsoarte. Folwoeksen fûgels hat in griene rêch, blauwe wjukken, in blauwe sturt en in oliifbrune kop. De grutte snaffel en poaten binne helderread. Der binne gjin ferskillen yn it fearrekleed fan mantsjes en wyfkes.

Fersprieding De soarte libbet yn 'e tropyske gebieten fan it Yndyske subkontinint en Súdeast-Aazje, fan Yndia en Sry Lanka oant Yndoneezje. De soarte libbet yn beboske gebieten yn 'e omkriten fan marren, rivieren en kusten.

Undersoarten Der binne 13 ûndersoarten, dy't yn detail ferskille yn 'e kleur fan 'e fearren. De P.c. gigantea fan 'e Sulu-arsjipel op 'e Filipinen hat lykwols in wite kop, nekke en ûnderkant. Pelargopsis capensis capensis: fan Nepal oer Yndia oant Sry-Lanka. Pelargopsis capensis osmastoni: Andamanen. Pelargopsis capensis intermedia: Nikobaren. Pelargopsis capensis burmanica: fan Birma oant Yndosina noardlik Malakka. Pelargopsis capensis malaccensis: sintraal en súdlik Malakka, Riau en Lingga. Pelargopsis capensis cyanopteryx: Sumatra, Banka en Billiton. Pelargopsis capensis simalurensis: Simeulue. Pelargopsis capensis sodalis: Banyak-eilannen, Nias, Batû-eilannen en Mentawai-eilannen. Pelargopsis capensis innominata: Borneo. Pelargopsis capensis javana: Java. Pelargopsis capensis floresiana: fan Baly oant Floares. Pelargopsis capensis gouldi: noardlike Filipinen. Pelargopsis capensis gigantea: sintrale en súdlike Filipinen.

Hâlden en dragen thumb|left|Eibertsbekiisfûgel mei proai. De soarte is territoriaal en jaget op fisk, kikkerts, krabben, kjifdieren en jonge fûgels. Syn nêst wurdt yn 'e igge fan'e rivier groeven of yn in rotsjende beam of in termitenêst boud. Trochstrings leit it wyfke tusken twa en fiif aaien.

Se binne foar it grutste part sedentêr, mar ferlitte by drûchte it gebiet op syk nei wetter.

Status De eibertsbekiisfûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrfandinne is de kâns op útstjerren lyts. De grutte fan 'e populaasje is net bekend, mar oannommen wurdt dat de soarte yn oantal efterút giet. De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige (2016).

Kategory:Eibertiisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren