Nordisk Råd (da, no) Nordiska rådet (sv) Norðurlandaráð (is) Pohjoismaiden neuvosto (fi)De flagge fan 'e Noardske Ried sûnt 2016.offisjele talen: Deensk, Finsk, Yslânsk, Noarsk, Sweedskwurktalen: Deensk, Noarsk, Sweedskhaadkertier: Keappenhaven (Denemark)oprjochte: 1952 (1971 Noardske Ried fan Ministers)siktaris-generaal: Jan-Erik Enestamoerflak: 3.493.000 km² 1.318.412 km² (sûnder Grienlân)ynwennertal: 24.229.610befolkingstichtens: 6,9/km² 18,7/km² sûnder Grienlân)muntienheid: Noarske kroan Sweedske kroan Deenske kroan Yslânske kroan euro (Finlân)tiidsône: UTC -3 oant +2

De Noardske Ried en de Noardske Ried fan Ministers is in gearwurkingsferbân fan Skandinavyske lannen. De ried waard yn 1952 stifte mei ta doel in mienskiplike arbeidsmerk, feiligens en it frij reizgjen sûnder paspoart yn 'e lidsteaten (inkeld foar ynwenners fan 'e lidsteaten).

Lidsteaten De neikommende lannen binne lid:

Lannen: border|17px  Denemark border|20px Finlân border|18px  Yslân border|18px  Noarwegen border|20px Sweden

Autonoame gebieten: border|20px Ålâneilannen (fan Finlân) border|18px  Fêreu-eilannen (fan Denemark) border|20px Grienlân (fan Denemark)

It haadkertier fan de Ried sit yn Kopenhagen. Yn 'e oare lidsteaten binne der lytsere kantoaren. De Ried hat op himsels gjin foech; as de Ried mei in útstel komt, moat er earst goedkard wurde troch de parleminten fan de oanbelangjende lidsteaten.

Skiednis De Noardske Ried is nei de Twadde Wrâldkriich stifte yn 1952. De earste resultaten wienen it foar mekoar krijen fan 'e frije merk ekonomy yn 'e lidsteaten. Oare resultaten binne it frij reizgjen yn 'e lidsteaten foar ynwenners fan 'e lidsteaten. Der ha plannen west om de Noardske Ried krekt as de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip yn te organisearjen, dêr't oer ferdrach praat waard. Finlân woe it ferdrach lykwols net ratifisearje. Tenei melden Denemarken en Noarwegen har oan foar it JEM lidmaatskip. Inkeld Denemarken waard yn 1973 lid, Noarwegen hy by in referindum tefolle stimmen tsjin it útstel. Sweden woe ek op himsels bliuwe en gean net yn 'e JEM. Yn 1995 woene Finlân en Sweden wol lid wurde fan 'e Jeropeeske Uny.

Siktarissen-generaal

20px Noarwegen Emil Vindsetmoe 1971 - 1973 20px Noarwegen Helge Seip 1973 - 1977 20px Noarwegen Gudmund Saxrud 1977 - 1982 20px Finlân Ilkka-Christian Björklund 1982 - 1987 20px Finlân Gehard af Schultén 1987 - 1989 20px Noarwegen Jostein Osnes 1990 - 1994 20px Sweden Anders Wenström 1994 - 1996 20px Yslân Berglind Ásgeirsdóttir 1996 - 1999 20px Noarwegen Frida Nokken 1999 - 2007 20px Finlân Jan-Erik Enestam 2007 -

Noardske Ried fan Ministers De Noardske Ried stiet noed foar gearwurking mei de oanbelangjende parleminten. De Noardske Ried fan Ministers, oprjochte yn 1971, hâld him dwaande mei gearwurking tusken de regearingen fan de lidsteaten.

Sjoch ek Benelúks

Keppeling om utens

Noardske Ried - Offisjele webside

Kategory:Ynternasjonale organisaasje Kategory:Skandinaavje Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1952