thumb|left|180px|Kaart fan de Alde Feanen It Nasjonaal Park De Alde Feanen is in nasjonaal park op it grûngebiet fan de gemeenten Ljouwert, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel . It hat in oerflak fan ûngefear 2500 hektare.

De Alde Feanen foarmje in alsidich leechfeanmoeras mei marren, feanplassen, petgatten, trilfeanen, sompen, reidlannen, healannen en moerasbosken. Yn it gebiet komme mear as 450 soarten planten en mear as hûndert fûgelsoarten foar.

Yn Earnewâld stiet it Besikerssintrum De Alde Feanen, mei dêrnjonken earrebarre-bûtenstasjon It Eibertshiem.

It gebiet is sûnt 1934 yn behear by de stifting It Fryske Gea. Nei in oprjochtingsperioade fan fjouwer jier waard De Alde Feanen op 26 april 2006 troch minister Veerman fan Natuer offisjeel ynsteld as tweintichste en lêste nasjonaal park fan Nederlân.

Keppeling om utens Offisjeel webstee fan De Alde Feanen Webstee fan It Fryske Gea

Kategory:Natoergebiet yn Fryslân Kategory:Nasjonaal park yn Nederlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2006 Kategory:Geografy fan Idaerderadiel Kategory:Geografy fan Boarnsterhim Kategory:Geografy fan Ljouwert (gemeente) Kategory:Geografy fan Smellingerlân Kategory:Geografy fan Tytsjerksteradiel