It donker pimpernelblaujurkje (Phengaris nausithous, foarh. Maculinea nausithous) is in flintersoarte yn it skaai fan de grutte blaujurkjes (Phengaris).

Foarkommen De donker pimpernelblaujurkje is soarte dy hâldt fan fochtige skrale greiden. De flinter waard faak fûn op harren weardplant de grutte pimpernel. Hy wie yn Nederlân ferdwûn. Mar is reyntrodusearre yn in natuergebiet flakby De Bosk. Dêr docht de flinter it wikseljend. It iene jier liket it derop dat er útstjert en it oare jier giet it wer in stikje better.

De flinter is foaral te finen yn sintraal Jeropa. Der binne noch inkele populaasjes yn noardlik Spanje en Frankryk. Se fleane fan seenivo oant wol ta in hichte fan 1600 meter.

Fljochtiid De flinter fljocht fan juny ôf oant ein augustus. Fljocht altyd yn 1 generaasje.

De flinter De wjuklingte is likernôch 20 mm. De boppekant is ljocht brún. De mantsjes hawwe op de binnenkant in blauwe glâns. De wyfkes binne hielendal brún. De mantsjes en de wyfkes hawwe swarte stipkes op de wjukken. Dizze stipkes hawwe it patroan fan in bôgje.

De rûp De aaikes komme út op de weardplant de grutte pimpernel. De rûpkes libje inkele wiken op de plant. Dêrnei litte de rûpen har falle en dêr wurde se meinaam troch de reade stekeamel (Myrmica rubra). De rûpen ite fan de eamellarven en oerwinterje en ferpopkje yn it eamelnêst. De folgjende simmer komme se as flinter út it nêst wei. Sa gau de eamels yn de gaten haw dat er in flinter yn it nêst sit dan moat de donkere pimpernel meitsje dat er fuort komt. Oars wurdt er opfretten.

De flinter is tige kwetsber. De flinter is ôfhinklik fan de weardplant de grutte pimpernel mar ek fan de reade stekeamel. Wol de soarte oerlibje dan moat er foar soarge wurde dat it mei de plant goed giet en mei de eamels.

It selde bart mei it gintsiaanblaujurkje en de blauwe brigade.

De rûp fret earst grutte pimpernel en letter eamellarven.

Sjoch ek List fan flinters

Kategory:Flintersoarte Kategory:Reachwjukflinter Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân