Håkon Piro Bryhn (Oslo, 14 augustus 1901 - dêre, 25 desimber 1968) wie in Noarsk siler.

Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen, yn de 6m klasse mei Johan Anker, Erik Anker en Olaf fan Noarwegen. De 6m klasse is in mearpersoansboat. It boatsje hat in lingte fan ungefear 7 meter, in breedte 1,78 meter en in djipgong fan 1,70 meter; it grutseil mjit 43 m². Håkon Bryhn ferstoar op 25 desimber 1968, yn 'e âldens fan 67 jier.

Kategory:Noarsk siler Kategory:Noarsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1968