Johan August Anker (Halden, 26 juny 1871 - dêre, 2 oktober 1940) wie in Noarsk siler.
Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1908, 1912 en 1928). Hy waard yn Stockholm Olympysk kampioen mei it Noarske 12 meter team en sechstjin jier letter yn Amsterdam Olympysk kampioen, yn de 6m klasse mei syn soan Erik Anker, Håkon Bryhn en Olaf fan Noarwegen. De 6m klasse is in mearpersoansboat. It boatsje hat in lingte fan ungefear 7 meter, in breedte 1,78 meter en in djipgong fan 1,70 meter; it grutseil mjit 43 m². Johan Anker ferstoar op 2 oktober 1940, yn 'e âldens fan 69 jier.
Noarske 12 meter team 1912 Nils Bertelsen Eilert Falch-Lund Halfdan Hansen Arnfinn Heje Magnus Konow Alfred Larsen Petter Larsen Christian Staib Carl Thaulow
Kategory:Noarsk siler Kategory:Noarsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1871 Kategory:Persoan stoarn yn 1940