Carl Oscar Westergren syn namme is ek wol skreaun as Karl Oskar Westergren mei Calle as ropnamme. (Malmö, 13 oktober 1895 - Dêre, 5 augustus 1958) wie in Sweedsk wrakselder.
Hy die meardere kearen mei oan it Europeeske kampioenskip en fjouwer kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1920, 1924, 1928 en 1932). Hy waard trije kear Europeesk kampioen en ek trije kear Olympysk kampioen.
Westergren wie wurksum as bussjauffeur letter wie hy eigener fan in autoferhierbedriuw. Carl Westergren ferstoar op 5 augustus 1958, yn 'e âldens fan 62 jier.
Kategory:Sweedsk wrakselder Kategory:Sweedsk Olympysk kampioen Kategory:Sweedsk ûndernimmer Kategory:Persoan berne yn 1895 Kategory:Persoan stoarn yn 1958