Herman Matinpoika (Hermanni) Pihlajamäki (Nurmo, 11 novimber 1903 - Ähtäri, 4 juny 1982) wie in Finsk wrakselder.

Hy die meardere kearen mei oan it Europeeske kampioenskip en twa kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). hy waard ien kear Europeesk kampioen yn de klasse 61 kg frije styl, en yn 1932 Olympysk kampioen yn de klasse oant 61 kg frije styl.

Hermanni wie in neef fan wrakselder Kustaa Pihlajamäki dy't yn 1936 Olympysk kampioen waard. Pihlajamäki wie plysjeman yn syn deistich libben. Hermanni Pihlajamäki ferstoar op 4 juny 1982, yn 'e âldens fan 78 jier.

Kategory:Finsk wrakselder Kategory:Finsk Olympysk kampioen Kategory:Finsk plysjeman Kategory:Persoan berne yn 1903 Kategory:Persoan stoarn yn 1982