Hisakichi Toyoda (Yamaguchi, 2 jannewaris 1912 - 7 oktober 1976) wie in Japansk swimmer.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen mei it Japanske estafetteteam op de 4x200 meter frije slach.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard Toyoda swimlearaar. Hisakichi Toyoda ferstoar hommels op 7 oktober 1976, yn 'e âldens fan 64 jier, wylst er oan it lesjaan wie.

Kategory:Japansk swimmer Kategory:Japansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 1976