Alajos Keserű (Bûdapest, 8 maart 1905 - Dêre, 3 maaie 1965) wie in Hongaarsk wetterpoloër.
Hy die fjouwer kear mei oan it Europeeske kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924, 1928 en 1932). Hy waard by dizze kampioenskippen fjouwer kear Europeesk kampioen en ien kear Olympysk kampioen. Hy spile yn Los Angeles trije wedstriden, yn Amsterdam en Parys spile hy fjouwer wedstriden.
Nei de Twadde Wrâldkriich wurke er op de administraasje fan in masinefabryk yn Bûdapest. Hy wie in broer fan wetterpoloër Ferenc Keserű dy't yn deselde perioade diel útmakke fan nasjonale team. Alajos Keserű ferstoar op 3 maaie 1965, yn 'e âldens fan 60 jier.
Kategory:Hongaarsk wetterpoloër Kategory:Hongaarsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1965