Eeltsje Hiddes Halbertsma (Grou, 8 oktober 1797 – dêre, 22 maart 1858)Breuker 1993, s. 592.Breuker 2016, s. 1123. wie in Frysk skriuwer, dichter en dokter,Breuker 1993, s. 592-594. en de jongste fan 'e bruorren Halbertsma.Breuker 1993, s. 587. Hy waard bekend doe't er yn 1822 tegearre mei syn broer Joast de ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar publisearre.Breuker 1993, s. 594.Dykstra en Oldenhof, s. 37. Neitiid waard dat wurk al mar fierder útwreide, ek mei bydragen fan in trêde broer, Tsjalling,Wiersma, s. 9. oant alle proaza en poëzij fan 'e trije bruorren yn 1871 postúm sammele waard en ferskynde as de ferneamde Rimen en Teltsjes.Breuker 1993, s. 603-606.Dykstra en Oldenhof, s. 37. Dat wurk spile in rol fan krúsjaal belang by it ûntjaan fan in nije literêre Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brûkt wie.Dykstra en Oldenhof, s. 37.Jensma, s. 197. Fan 'e trije bruorren Halbertsma wie Eeltsje miskien wol it meast bejeftige, en benammen syn poëzij wurdt noch altyd tige bewûndere.Breuker 1993, s. 592-594.Wiersma, s. 9-10. Hy wie de skriuwer fan û.m. it gedicht De Alde Friezen, oftewol it Frysk folksliet.Fryslân Sjongt, s. 10-11.Oppewal en Boorsma, s. 90-93.
Libben Jonkheid en komôf Eeltsje Hiddes Halbertsma waard op 8 oktober 1797Breuker 1993, s. 592.Breuker 2016, s. 1123.Wiersma, s. 7. berne yn it hûs fan syn âlden oan 'e KowemerkWiersma, s. 7. yn Grou.Breuker 1993, s. 592. Hy wie de fjirde soan yn it gesin fan bakker en keapmanBreuker 1993, s. 587.Oppewal en Boorsma, s. 16.Wiersma, s. 7. Hidde Joasts Halbertsma (1756-1809)Breuker 1993, s. 587.Terpstra, s. 317. en dy syn frou Ruerdtsje (of Riurtk)Wiersma, s. 7. Tsjallings Binnerts (1767-1809).Breuker 1993, s. 587.Terpstra, s. 317.Wiersma, s. 7-8. Hy hie trije âldere bruorren: Joast (1789-1869),Breuker 1993, s. 588.Terpstra, s. 316.Wiersma, s. 7. Tsjalling (1792-1852)Breuker 1993, s. 591.Terpstra, s. 316.Wiersma, s. 7. en Binnert (1795-1847).Breuker 1993, s. 587.Terpstra, s. 316.Wiersma, s. 7. Twa letter te wrâld kommen bern stoaren al hiel jong,Terpstra, s. 316. it jonkje yn 1803,Wiersma, s. 7. en it famke yn 1805.Wiersma, s. 7. De bruorren hongen sterk oaninoar, mooglik as gefolch fan it feit dat harren âlden beiden yn 1809 jong kamen te ferstjerren, doe't Eeltsje noch mar alve jier wie.Oppewal en Boorsma, s. 16.Terpstra, s. 317.Wiersma, s. 8-9. Joast, Tsjalling en Eeltsje, dy't as auteurs letter mei-inoar bekend komme soene te stean as de bruorren Halbertsma,Hemminga, s. 56.Jensma, s. 197. lieken mear op harren heit, wylst Binnert mear útskaaide nei harren mem.Breuker 1993, s. 587.
Dy mem, Ruerdtsje Binnerts, kaam út in foaroansteand Grouster laach.Breuker 1993, s. 587.Oppewal en Boorsma, s. 16. Har famylje wie minnistysk,Breuker 1993, s. 587.Oppewal en Boorsma, s. 16. en hoewol't har man fan hûs út herfoarme wie, gied er nei syn houlik oer nei har leauwe.Breuker 1993, s. 587. Ut brieven fan Eeltsje syn broer Joast komt hja nei foarren as in betûft sakefrou,Breuker 1993, s. 587. in leafhawwende mem en in djip leauwich minske.Wiersma, s. 8. Oer Hidde Halbertsma, de heit, is folle minder bekend. Men wol wol hawwe dat er foar syn trouwen farrensman west hie.Wiersma, s. 8. Hy moat guodlik fan aard west hawwe, mar wie gau rekke, en dan koed er raar fan him ôfbite.Wiersma, s. 8. Yn 1784 publisearre er yn it Nederlânsk in lang gedicht mei as titel Schrikkelijke IJsgang en Overstroominge in Gelderland.Wiersma, s. 8. Ut dat yntrigearjende wurk kin ôflaat wurde dat syn soannen har literêre oanlis net fan in frjemd hiene.Wiersma, s. 8.
Oplieding Krekt as syn âldere broer Joast gie Eeltsje Halbertsma op oanstean fan harren memBreuker 1993, s. 587. earst in jier nei de Frânske skoalle yn Ljouwert, en waard er oanslutend ynskreaun oan 'e Latynske skoalle yn itselde plak.Breuker 1993, s. 592.Wiersma, s. 9. Dêr begûn er mooglik krekt noch foàr it ferstjerren fan Ruerdtsje Binnerts yn desimber 1809.Breuker 1993, s. 592.Wiersma, s. 9. Yn jannewaris fan datselde jier wie Hidde Halbertsma al ferstoarn, dat neitiid wiene de bruorren wezen.Wiersma, s. 8-9. Joast, de âldste broer, studearre yn dy tiid yn Amsterdam.Wiersma, s. 9. Eeltsje koe trochgean mei learen oan 'e Latynske skoalle om't de middelste bruorren, Tsjalling en Binnert, mei help fan feinten, harren heite bakkerij draaiende holden.Wiersma, s. 9. Om't deistich hinne-en-wer reizgjen tusken Ljouwert en Grou yn dy tiid fanwegen de breklike ynfrastruktuer net te dwaan wie, kaam Eeltsje yn 'e stêd yn 'e kost by in Hawerdink, in kunde fan Joast, dy't him nei't it skynt ynwijde yn it alderplatste Stedsk.Breuker 1993, s. 592.Breuker 2016, s. 1123.
Nei't er ein 1814 syn oplieding oan 'e Latynske skoalle ôfrûne hie,Breuker 1993, s. 592. teach Eeltsje Halbertsma nei Hollân ta, dêr't er oant april 1818 medisinen studearre oan 'e Ryksuniversiteit Leien.Breuker 1993, s. 592.Breuker 2016, s. 1123.Oppewal en Boorsma, s. 16.Twerda, s. 296.Wiersma, s. 9. Yn 'e studintestêd Leien rekke er lykwols fertize yn it rûge nachtlibben,Breuker 1993, s. 592. en it wie dêrom dat er by wize fan reoriïntaasje yn 'e maityd fan 1818 foar in healjier nei it Dútske Heidelberch rekke.Breuker 1993, s. 592.Breuker 2016, s. 1124.Oppewal en Boorsma, s. 16.Twerda, s. 296-297.Wiersma, s. 9. Dêre, oan 'e Ruprecht-Karls-Universität, hied er it poerbêst nei 't sin, en yn syn lettere libben mocht er graach oan syn Heidelberchske tiid weromtinke.Breuker 1993, s. 592.Terpstra, s. 318.Wiersma, s. 10. De kolleezjes dy't er dêr folge, lykje foar it meastepart oer ferloskunde gien te hawwen.Breuker 1993, s. 592. Nei de simmer kearde er werom nei Leien, dêr't er op 13 oktober 1818 syn stúdzje beëinige mei it beheljen fan in doktoraat yn 'e genêskunde.Breuker 1993, s. 592.Wiersma, s. 10.
Neitiid waard Halbertsma dokter yn Poarmerein,Breuker 1993, s. 592.Breuker 2016, s. 1123.Wiersma, s. 10. dêr't er oardel jier wenneBreuker 1993, s. 592. en ek ferkearing opdie mei in fanke dat er yn syn brieven oan syn broer Joast omskreau as het Pauwtje.Wiersma, s. 10. Uteinlik rekke er lykwols siik, en doe waard er, foar 't neist ein 1820, nei syn famylje yn Grou ta brocht.Breuker 1993, s. 592. Nei't er wer opbettere wie, kearde er net werom nei Hollân, mar begûn er in dokterspraktyk yn syn berteplak, dêr't er de rest fan syn libben bleau te wenjen.Breuker 1993, s. 592.Breuker 2016, s. 1123.Wiersma, s. 10. Want, sa skreau er oan syn broer Joast: "Grou is my altyd leaflik."Terpstra, s. 318.Wiersma, s. 10. Fanwegen syn goede oplieding, mar ek troch syn meilibjen mei de siken, hie Halbertsma dêr in tige fersprate praktyk mei pasjinten dy't net inkeld yn Grou, mar ek op 'e romte en yn buordoarpen wennen. Sadwaande makke Halbertsma lange reizen, en wied er yn it wetterlân om Grou hinne faak fan ferfier per boat ôfhinklik.Terpstra, s. 319.
Aard en opfettings Ut ferhalen fan minsken dy't him koene, komt Eeltsje Hiddes Halbertsma nei foarren as in man dy't gau yn it moed taast wie, mar dêr't ek o sa mei te laitsjen foel.Breuker 1993, s. 592.Dykstra en Oldenhof, s. 40.Oppewal en Boorsma, s. 16.Wiersma, s. 9. Neffens de boekhannelder en histoarikus Wopke Eekhoff, dêr't er jierrenlang kunde oan hie, wied er romhertich en goederjousk, en koed er it smout opsizze.Breuker 1993, s. 592. Troch ien fan syn biografen waard Halbertsma omskreaun as "in fynfielende geast, in ideälistysk dreamer, in ûnôfhinklik en moedich man, teistere fan riten fan swiermoedigens en twifelriedigens; in bohémien en in biis, sa't de Fryske literatuer gjin twadden kend hat."Wiersma, s. 13. Halbertsma syn brieven oan syn broer Joast binne libben en iepenhertich, en teffens noch altyd wakker ûnderhâldend.Breuker 1993, s. 592. Wat syn opfettings oanbelangje, wie Halbertsma yn syn studintetiid ûnder de ynfloed fan it deïsme rekke, mar nei eigen sizzen wied er dêr fan ôfstapt nei't er de Dútske filosoof Johann Gottfried Herder lêzen hie.Breuker 1993, s. 592.
Polityk, dêr bemuoide Halbertsma him sa min mooglik mei. Yn it selskip fan oaren woed er dêr wolris oer op 't aljemint, mar hy wie altyd skruten om tefolle te sizzen; syn heit hie by de Patriotten heard, en Halbertsma hie noch altyd foar eagen hoe't dat beteard wie.Breuker 1993, s. 592. Nettsjinsteande dat, liet er it net gewurde as foar syn gefoel de gerjochtichheid oantaast waard, sa't blykt út syn gedichten De Grytman (oer de korrupsje fan 'e politike hegerein yn Fryslân) en Batthyany's Dea (oer de eksekúsje fan Lajos Batthyány, de lieder fan 'e Hongaren ûnder de Hongaarske Opstân fan 1848).Breuker 1993, s. 592. Ek skreau er yn it Nederlânsk in fers wêryn't er útfart tsjin it feit dat Fryske Twadde-Keamerleden yn 1853 tsjin it foarstel stimden om 'e slavernij ôf te skaffen.Breuker 1993, s. 593. Oan 'e oare kant wied er ek wer net sa progressyf dat er him op lykfol hokker wize ferbûn fielde mei wat er yn 1855 "reade demokraten" neamde (sosjalisten en oare radikalen), dy't er ûnderskate fan "woltinkenden", d.w.s. it foarútstribjende, liberale diel fan 'e boargerij, dêr't er himsels ta rekkene.Breuker 1993, s. 593.
Halbertsma waard yn 1827 lid fan it Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde, mar sei yn 1834 syn lidmaatskip op om't er it mar healwize lju fûn.Van der Schaaf, s. 38 De stive deftigens fan 'e oare leden wied er twer fan, en hy koe dat heechkroppich hâlden en dragen ek min goedkrije mei it 'sûpen en fretten', nei ôfrin fan 'e gearkomsten. "Es gibt Narren aller Art" ("Je hawwe gekken yn alle soarten"), skreau er oan syn broer Joast.Van der Schaaf, s. 38 Dyselde bleau wol lid fan it Genoatskip, mar dy koe it spul alhiel yn Dimter, dêr't er dûmny wie, ek wat makliker op in distânsje hâlde.Van der Schaaf, s. 38 Letter waard Eeltsje Halbertsma lid fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, dêr't it him aardich better befoel.[boarne nedich]
Gesin Halbertsma troude yn juny 1823 mei in Baukje Fockens (1795-1877),Breuker 1993, s. 592.Wiersma, s. 10. in frou út in begoedige Boalserter famylje,Breuker 1993, s. 592. mei wa't er yn it neijier fan 1822 yn 'e kunde kommen wie.Breuker 1993, s. 592. Hja wie de dochter fan 'e koarte tiid earder ferstoarne boargemaster fan Boalsert Livius (Liuwe) Regnerus Fockens.Wiersma, s. 10. Halbertsma en de frou krigen fjouwer bern: twa jonges en twa famkes. Allinnich soan Hidde soe syn heit oerlibje, want de oare soan, Liuwe, kaam yn 1854 te ferstjerren, en syn dochters, Ruerdtsje en Anna, moast Halbertsma allebeide yn 1851 te hôf bringe.Breuker 1993, s. 592. Fral de dea fan Anna (1832-1851), mei wa't er útsûnderlike goed koe, waard Halbertsma slim troch rekke; hy skreau dêroer it oangripende gedicht Op Anna's Dea,Breuker 1993, s. 592. dat yn 1854 publisearre waard yn 'e dicht- en ferhalebondel Leed en Wille en de Flotgerzen.Bruorren Halbertsma 1958, s. 347.Bruorren Halbertsma 1993, s. 258-259.
It houlik fan Halbertsma en de frou wie nei de earste jierrenTerpstra, s. 319. net botte lokkich,Breuker 1993, s. 592.Oppewal en Boorsma, s. 16.Terpstra, s. 319. mei't hy in swak foar alkohol hie,Breuker 1993, s. 592.Oppewal en Boorsma, s. 16.Terpstra, s. 319. en sy seurderich en erchtinkend wie en him oanhâldend ferwiet dat er fan har jild libbe.Breuker 1993, s. 592. It is sadwaande wierskynlik ek net tafallich dat yn ferskaten fan syn ferhalen in dronken man en syn lulke frou de haadrollen spylje.Breuker 1993, s. 592. Yn 1853, doe't beide houlikspartners de húshâlding al jierrenlang fertutearzgje litten hiene, waarden de âlden troch de beide soannen, mar yn 't bysûnder op inisjatyf fan Liuwe, ûnder kuratêle pleatst.Breuker 1993, s. 592. Hoewol't it Halbertsma yn 1857 slagge om wer eigen baas te wurden, wie dat in fernedering dy't er Liuwe net maklik ferjaan koe, en der bestiet dan ek gjin treurdicht op syn ferstjerren, sa't Halbertsma dat foar de beide dochters wol makke.Breuker 1993, s. 592.
As skriuwer