It foarjiersblaujurkje (Celastrina ladon) is in flintersoarte yn it skaai fan de beamblaujurkjes (Celastrina).

Foarkommen It foarjiersblaujurkje komt foar yn 'e hiele legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. Ek komt de flinter foar yn Kanada en yn it suden, bygelyks yn Kolombia en Meksiko. Se hâlde fan wiete gebieten mei beammen. Se komme faak foar oan de râne fan in bosk.

Flinter De wjuklingte is ûngefear 24 mm. De foarjier generaasje is ljochtblau en de simmer generaasje is wyt fan kleur. Yn it foarjier hat it wyfke oan de úteinen fan de wjukken swarte rântsjes. De flinter hellet faak nektar út de sideplant, de brem en wylde liguster.

Fljochtiid De flinter fljocht yn ferskillende generaasjes troch. Se fleane fan jannewaris oant oktober. Hoe noardliker hoe minder faak dat der ferskillende generaasjes binne. Ek is de fljochtiid dan minder lang.

Rûp De rûp fret fan in soad ferskillende weardplanten.

Sjoch ek List fan flinters

Keppeling om utens

Kategory:Flintersoarte Kategory:Beamblaujurkje Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama