thumb| Flagge fan Penjum De flagge fan Penjum is de flagge fan it doarp Penjum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1969 registrearre.
It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.
By gemeentlik beslút fan 19 april 1955 is in flagge fêststeld foar de 27 doarpen fan de eardere gemeente Wûnseradiel.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Besteande út in giel fjild mei yn it midden in blau rjochthoekich flak. Oan de mestside de fersmelde flagge fan Wûnseradiel.
De kleuren komme út it wapen fan Penjum.
Symbolyk
Giele fjild mei blauwe rjochthoeke: ferwiist nei de Penjumer Halsbân, in ringdyk rûn it doarp. Fersmelle flagge: flagge fan Wûnseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
Sjoch ek
Penjum Kategory:Penjum