It tomke (Troglodytes troglodytes) is de iennige fûgel út 'e famylje fan 'e tomkes dy't yn Jeropa foarkomt. Alle oare soarten libje yn Noard- en Súd-Amearika. Oare Fryske nammen foar it fûgeltsje binne mûske, múske, tommelid of winterkeninkje.

Foarkommen thumb|left|It tomke mei syn opfallend omheech steande sturt. It tomke is ien fan 'e lytste fûgelsoarten fan Europa en kin fanwege syn koarte wjukken net sa bêst fleane. Hy is sa'n 9,5 sm lang en weaget 10 gram. Sawol it mantsje as it wyfke hawwe brune fearren. De opfallende sturt stiet rjocht omheech.

Fersprieding It tomke is meast te finen yn tichte strûken, foaral yn 'e buert fan wetter. Hy komt op it noardlik healrûn oer de hiele wrâld foar.

It tomke wurdt yndield yn 28 ûndersoarten, ferdield oer acht ûndersoartegroepen, mei de folgjende fersprieding:

Troglodytes troglodytes islandicus – Yslân. Troglodytes troglodytes borealis – de Fêreu-eilannen. Troglodytes troglodytes zetlandicus – de Sjetlâneilannen. Troglodytes troglodytes hebridensis – de Bûtenste Hebriden yn Skotlân. Troglodytes troglodytes fridariensis – Fair Isle yn Skotlân. Troglodytes troglodytes hirtensis – St. Kilda yn Skotlân. Troglodytes troglodytes indigenus – Ierlân, de Binnenste Hebriden, de Orkney-eilannen, Skotlân en Ingelân.

De troglodytes-groep: Europeesk tomke (Troglodytes troglodytes troglodytes) – kontinintaal Jeropa en Anatoalje. Troglodytes troglodytes kabylorum – de Balearen, súdlik Spanje en noardwestlik Afrika, fan Marokko oant Tuneezje. Troglodytes troglodytes koenigi – Korsika en Sardynje. Troglodytes troglodytes cypriotes – Kreta, Rodos, Syprus en it Heine Easten. Troglodytes troglodytes hyrcanus (ynklusyf zagrossiensis) – fan 'e Krim oant de Kaukasus, noardlik Irak en Iran. Troglodytes troglodytes juniperi – noardwestlik Lybje. Troglodytes troglodytes tianschanicus – fan noardeastlik Iran en de súdlike Transkaukasus oant noardlik Afganistan en Turkestan. Troglodytes troglodytes pallescens – it Kamtsjatka-skiereilân en de Kommandeurseilannen. Troglodytes troglodytes kurilensis – de noardlike Koerilen, op de eilannen Shasukotan en Ushichi. Troglodytes troglodytes fumigatus – de súdlike Koerilen en Japan. Troglodytes troglodytes mosukei – de Izu-eilannen. Troglodytes troglodytes ogawae – de súdlike Japanske arsjipel, op 'e eilannen Tanegashima en Yakushima. Troglodytes troglodytes taivanus – Taiwan. Troglodytes troglodytes dauricus – fan eastlik Sibearje oant Sachalin, Mantsjoerije en Koreä. Troglodytes troglodytes idius – noardlik Sina, fan súdlik Hebei oant Shandong. Troglodytes troglodytes szetschuanus – súdwestlik Sina, fan súdlik Shaanxi en Sichuan nei it easten ta oant Hubei. Troglodytes troglodytes talifuensis – westlik Sina, fan súdlik Sichuan oant westlik Yunnan en noardeastlik Birma. Troglodytes troglodytes subpallidus – fan 'e Himalaya oant Afganistan. Troglodytes troglodytes neglectus – de westlike Himalaya, fan Gilgit oant westlik Nepal. Troglodytes troglodytes nipalensis – fan 'e Himalaya yn Nepal oant noardeastlik Assam en súdlik Tibet. Troglodytes troglodytes magrathi – bercheftige gebieten op 'e grins fan Pakistan en Afganistan.

Nederlân It tomke komt as briedfûgel yn hiel Nederlân foar. Der moat genôch beskûl wêze om in nêst te bouwen. Benammen yn 'e boskrike kriten fan 'e hegere sângrûn komt de soarte in soad foar, mar ek yn beamrike wenwiken en yn sompen en dunen mei in soad strûken. As der genôch grien oanwêzich is, komt it tomke sels foar oant yn 'e sintra fan grutte stêden. De Nederlânske tomkes binne stânfûgels, mar it is bekend dat fûgels út Skandinaavje en it Eastseegebiet ús lân yn 'e trekperioade passearje. SOVON rûst it oantal briedpearen yn Nederlân op 410.000 oant 630.000 (2018-2020). Winterdeis wurde de oantallen oanfolle troch fûgeltsjes út Skandinaavje. Yn Fryslân binne de heechste konsintraasjes fan 'e soarte yn it súdeasten en op guon waadeilannen te finen.

Ekology By strange winters geane der in soad tomkes dea. Guon witte te ûntkommen troch te trekken. By kjeld kinne tomkes lytse groepkes yn holtes of ferlitten fûgelnêsten foarmje om te oernachtsjen om inoar sa waarm te hâlden.Irish Examiner Briedgedrach It tomke briedt fan heal april oant yn july. It hat twa lechsels yn it jier, dy't út 5–7 wite aaikes mei readbrune stippen besteane. De briedtiid is 13–15 dagen. It nêst is bolfoarmich en bestiet út in protte moas, mei oan 'e sydkant in yngong.

It mantsje makket ferskate nêsten, wêrnei't it wyfke lang om let ien nêst útkiest om yn te brieden. It nêst sit meast krekt boppe de grûn. Wylst it wyfke op 'e aaien sit, besiket it mantsje in oar wyfke te lokjen nei ien fan 'e oare nêsten. De jongen bliuwe 15–19 dagen yn it nêst en wurde nei it útfleanen noch oant 18 dagen troch beide âlden fuorre.

Ofbylden

Iten Mei harren fine snaffeltsjes binne tomkes spesjalisearre yn it iten fan lytse ynsekten, rûpen, spinnen, larven en sied. Ek út lytse skuorren, bygelyks yn in bast fan in beam, kinne se allerhanne proteïnerike bistkes plôkje.

Status It tomke hat in tige grut briedgebiet oer de wrâld en in tige grutte populaasje. De Jeropeeske populaasje nimt ta. Oer it algemien beskôget de IUCN de soarte net as bedrige en it tomke wurdt dêrom as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list klassifisearre.

Sjoch ek List fan fûgels

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Hûstomke Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia