thumb|Rymposter 2007. Auck Peanstra (skûlnamme fan Aukje Aaltje Hoogland-Peenstra) (Ljouwert, 2 novimber 1954 - Bitgummole, 29 febrewaris 2016) wie in Frysk skriuwster fan romans en berneboeken.

Biografy Yn Grou gie Peanstra nei de legere skoalle, dêrnei gie se nei de mulo. Doe't se dêr slagge wie, die se de oplieding ta beukerliedster en helle de L.U.-akte Frysk. Se wurke as skoaljuffer yn it basisûnderwiis, dat begûn yn Bitgummole dêr't se har ek te wenjen sette. Nei't se bern krigen hie, joech se har fêste baan op en wurke faak as ynfalkrêft. Nei in pear jier as faklearkrêft Frysk wurke te hawwen, wurke se yn dieltiid yn groep 2. Yn 2011 hat se it ûnderwiis oerjûn en sûnt lei sy har ta op it skriuwen en it jaan fan lêzings oer har wurk, op skoallen en by ferienings.

Skriuwe hat Peanstra eins altiten al dien, it begûn fral mei fersen dy't ûnder oare yn de Ljouwerter Krante publisearre waarden. Doe't de bern grutter waarden, krige se mear tiid om te skriuwen. Se skreau doe ferhalen foar bern en jongerein, yn 1991 debutearre se mei in ferhaal yn in sammelbondel foar bern, útjûn troch de Afûk. Yn 1993 ferskynde har earste boek: Melle moat in bril, by de Koperative Utjouwerij. Dêrnei folgen der hast alle jierren nije boeken foar bern en jongerein. Yn 1998 krige se de Simke Kloostermanpriis foar it boek Yn piama de dyk oer, yn 2001 en 2007 folgen twa nominaasje foar dy priis. Ek krige se trije kear de Sulveren Spjelde fan de Fryske Berneboekesjuery.

Auck Peanstra wie benammen bekend as skriuwster fan berneboeken, mar se skreau ek wolris foar folwoeksenen. Yn 2002 kaam har earste roman út, Elske din datter. Yn 2007 folge dêrop Sitebuorren, myn eigen paradys. It boek waard trije kear werprinte en it fertelt har oantinkens oan har jeugd yn Sytebuorren, dat leit op in eilân tusken Grou en Aldegea. Yn 2008 krige se foar dat boek de Rink van der Veldepriis. Yn 2011 kaam har tredde roman by de Afûk út: Skamte. It boek is fiksje mei autobiografyske eleminten

Njonken it proaza dat se skreau, wurke se as skriuwster ek mei oan de learmetoade Frysk foar it basisûnderwiis: Studio F. Fierder wie se ien fan de skriuwsters fan de Tomke-boekjes. Auck Peanstra en Riemkje Pitstra soargen tegearre foar de teksten fan de ferhaaltsjes foar de telefyzje en de byhearrende boekjes, dy't om in beskaat tema hinne skreaun wurde. Omrop Fryslân stjoert de bewurke ferhaaltsjes út. Ek skreau se - al of net yn de mande mei oaren - revueteksten. It iepenloftspul fan Dronryp hat twa stikken fan har hân opfierd: De stiennen ûlebuorden (1997) en Lidewij (1999). Se waard gauris frege as ferhaleferteller.

Auck Peanstra stoar yn de âldens fan 61 jier oan de gefolgen fan kanker. Hja wie troud mei Frâns Hoogland, mei wa't se twa bern hie, Doryn en Jan. By har ferstjerren hie se dêropta fjouwer beppesizzers.

Bibliografy Berneboeken 1993 : Melle moat in bril ha 1995 : Fertelle fan Jelle 1996 : Jan en Jeltsje 1997 : Yn piama de dyk oer 1998 : Lit net los Pier 1998 : Kokkebynkes 1999 : Smoesjes en fleanende fisken 2000 : Tomke winterboek 2000 : Kattekwea en bargebiten 2000 : Keutels by de kofje 2001 : By beppe yn't bedstee 2002 : Frjemde kluchten 2003 : Tomke, in pot fol ferhalen (mei Riemkje Pitstra) 2004 : Skytmerakels 2005 : By beppe yn 't bedstee (werprintinge) 2005 : Alles foar in sint 2005 : Keutels by de kofje (werprintinge) 2005 : Kikkerts fange mei Tomke (mei Riemkje Pitstra) 2006 : Kening Aap 2006 : Jan en Jeltsje (bew. werprintinge) 2006 : Tomke yn de bistetún (mei Riemkje Pitstra) 2007 : Tomke en it kado 2007 : Tomke en de krystkrânskes 2007 : Yn piama de dyk oer (werprintinge) 2007 : Geheim! (mei Riemkje Pitstra), en rymposter (mei Reinier Knol). 2008 : Grapkemakkers 2008 : Tomke nei it húske 2008 : Tomke jierboek (mei Riemkje Pitstra, Geartsje Douma en Luuk Klazenga) 2009 : It goud fan de Aboriginals (Traveliers rige) 2009 : Krûpelhintsjes 2010 : In geheime kat 2010 : Tomke Ferkearsboek (mei Riemkje Pitstra) 2011 : Tomke foarlêsferhaaltsjes (mei Riemkje Pitstra en Luuk Klazenga) 2011 : Kantsje board op Kurasau (Traveliers rige) 2013 : De boel op stelten (ferhalebondel)

Romans 2002 : Elske din datter 2007 : Sitebuorren myn eigen paradys (3e pr. 2008) 2011 : Skamte

Prizen 1998 : Simke Kloostermanpriis foar Yn piama de dyk oer 1998 : Sulveren Spjelde foar Yn piama de dyk oer 2006 : Sulveren Spjelde foar Alles foar in sint 2008 : Rink van der Veldepriis foar Sitebuorren, myn eigen paradys 2012 : Sulveren Spjelde foar Kantsje board op Kurasau 2015 : Rely Jorritsmapriis foar it gedicht Wûnderdokter (oer har siikwêzen)

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Bitgummole Kategory:Persoan berne yn 1954 Kategory:Persoan stoarn yn 2016