It Amelân (Nederlânsk: Ameland) is ien fan de fiif Nederlânske Waadeilannen. It is in gemeente, dy't in oerflak fan 268,5 km² beslacht (wêrfan 209,67 km² wetter), en in kustline fan 55,2 km hat. De gemeente hat ynwenners ().

Plakken It haadplak fan it eilân is Nes, en de oare plakken op it eilân binne: Ballum, Bueren en Hollum.

Skiednis

Krekt hoe lang at it Amelân al bewenne wurdt, is net wis. It begjin fan de skiedskriuwing oer it Amelân is lykwols de stifting fan it kleaster Foswert yn 889. Oant 1405 hearde it eilân by Ferwerderadiel. Nei 1405 stribben de hearren fan it Amelân, it geslacht Van Cammingha ta in ûnôfhinklike steat, wat it eilân oant 1795 west hat. Nei de Frânske tiid waard it Amelân in gritenij fan Fryslân en by de ynfiering fan de gemeentewet, yn 1851, in gemeente.

It eilân hat yn de rin fan de tiid ferskate doarpen ferlern, oan de see en oan it sân. Yn de 18e iuw drige de Slinke it eilân sels yn twaen te brekken, mar minsk en natoer hawwe dit net barre litten. Fan 1872 oant 1882 hat It Amelân fia de Amelânske Daam mei de wâl ferbûn west. Om't de see machtiger wie as de minsk, hat men de daam opjaan moatten, mar by leech wetter kin men der hieltiid noch parten fan lizzen sjen. 300px|thumb|Kaart fan gemeente Amelân Polityk Ferdieling gemeenteried De gemeenteried fan It Amelân bestiet út 11 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018: partijferkiezings 2018Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022 ferkiezings 2022Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022% sitten%sitten AMELAND1 42,9 5 36,5 4 ALGBEL AMELAND 20,4 2 23,3 3 CDA 12,5 1 11,9 1 PVDA 8,8 1 9,9 1 AMELAND '82 8,0 1 11,0 1 VVD 7,4 1 7,4 1opkomst/totaal sitten 80% 11 71,2% 11

Taal Op it Amelân wurdt Amelânsk sprutsen, ien fan de dialekten fan it Stedsk. Al is dit fan oarsprong in mingtaal tusken Frysk en Hollânsk, it Amelânsk stiet no sa fier fan it Frysk ôf dat de measte ynwenners gjin Frysk ferstean kinne.

Fear Oftocht fan de daam, hat de ferbining fan it Amelân mei de wâl altyd in fear west. Dat fear giet fan Nes nei Holwert yn Noardeast-Fryslân. Oant likernõch 1940 hie West-Amelân in eigen fear, dat fan de Ballumer Bocht nei Swarte Harne gie.

Nijsgjirrich It Amelân is ek bekend fan de sêge fan Rikst fan it Oerd.

Sjoch ek Fryske doarpen Fryske gemeenten List fan boargemasters fan It Amelân

Kategory:Westfrysk eilân (Fryslân) Kategory:Eilân yn de Noardsee Kategory:Eilân yn Fryslân Kategory:Gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1851