Eric Clapton, folút Eric Patrick Clapton, berne te Ripley yn Ingelân op 30 maart 1945, is in Ingelske gitarist, mei as bynamme Slowhand. Hy learde al op jonge leeftyd gitaar spyljen en yn syn jonge jierren lústere hy in soad nei bluesartysten wêrfan Robert Johnson him it leafst wie.

Libben thumb|left|180px|Eric Clapton 22 jannewaris 2005 op in konsert yn Cardiff Clapton makke foar it earst namme as lid fan in troch pop beynfloede rock and rol band mei de namme Yardbirds dat yn 1064 mei "For your Love" in hit skoarde. Hy woe lykwols werom nei de blues. Mei de Yardbirds sette hy de earste stap troch yn 1965 opnames te meitsjen mei Sonny Boy Williams. Yn datselde jier waard hy tegearre mei John Mayall lid fan de Bluesbreakers.

Yn 1966 ferliet hy de band om't Clapton it tradisjonele blueskonsept fan Mayall te benearjend fûn. De band Cream wie syn nije muzikale ûnderkommen. Alhoewol Jack Bruce dêr de measte sjongpartijen foar syn rekken naam, ûntwikkele Clapton him dêr ek as sjonger. Op it lêste album fan Cream, "Goodbye" dat yn 1968 útkaam, stiet it nûmer "Badge" dat Clapton tegearre mei George Harrison fan The Beatles makke hie. De freonskip tusken dy twa makke dat Clapton syn gitaarspul te hearren is yn it nûmer "While my guitar gently weeps" op it "White Album" fan de The Beatles. De freonskip tusken de twa bekuolle doe't Harrison syn frou, Pattie Boyd, him ferliet foar Clapton. Yn de maaitiid fan 2005 kamen de âlde leden fan Cream, Clapton, Bruce en Ginger Baker wer byinoar foar in searje optredens yn de Feriene Steaten.

Nei spile te hawwen yn ûnder oaren Blind Faith en Delaney & Bonnie & Friends, naam Clapton in solo-album op. Mei de studio-artysten fan dat solo album en firtuoas op de slidegitaar Duanne Allman brocht er as "Derek and the Dominos" it album Layla and Other Assorted Love Songs út. It titelnûmer fan it album is noch altyd ien de meast spile rocknûmers. Op it sterk troch blues beynfloede album foel benammen de gouden kombinaasje fan it gitaarspul fan Allman en Clapton op.

Clapton hie al muzikaal sukses, mar syn persoanlike libben wie in gaos. Hy gie heroïne-ferslave troch it libben. It soe oant 1974 duorje foar't Clapton, wer suver frij fan syn ferslaving, in nij album, 461 Ocean Boulevard, útbrocht. De hit "I Shot the Sheriff" makke reggae populêr by in grutter publyk.

Oan it ein fan 70-er jierren hie Clapton muoite om oansluting te finen by de destiidse popmuzyk. Hy rekke oan de drank en moast dêrfoar opnommen wurde. Hy pakt it meitsjen fan albums wer op, wêrby't Clapton muzikaal sjoen geandewei wer tichter by de blues komt.

Yn it begjin fan de 90-er jierren slacht it needlot ta. Op 27 augustus 1990 komt, tusken twa konserten gitarist Stevie Ray Vaughan tegearre mei twa leden fan syn 'crew' om by in helikopter-ûngemak. Op 20 maart 1991 komt Clapton syn 4-jierrich soantsje Conor om troch in fal út in raam. Yn "Tears In Heaven" klinkt it fertriet fan Clapton oer dizze foarfallen troch.

Clapton wûn ferskate kearen in Grammy Award, û.o. mei it album "Unplugged". Yn de lette 90-er jierren wurke Clapton fierder noch mei mannen as Carlos Santana en B.B. King. Yn 2004 brocht Eric Clapton mei it album "Me and Mr. Johnson" in oade oan syn âlde ynspirator Robert Johnson.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) For Your Love5 july 1965The YardbirdsFor Your Love,I Wish You Would (Billy Boy cover)Having a Rave Up15 novimber 1965Shapes of Things,Evil Hearted You,Heart Full of Soul,I'm a Man (Bo Diddley cover)Fresh Cream9 desimber 1966CreamSpoonful,Sweet WineDisraeli Gears 2 novimber 1967Strange Brew,Sunshine of Your LoveWheels of Fire 14 juny 1968White Room,CrossroadsGoodbye5 febrewaris 1969BadgeBlind Faith 9 augustus 1969Blind FaithEric Clapton16 augustus 1970Eric ClaptonAfter Midnight,Blues Power,Let It RainLayla and Other Assorted Love Songs9 novimber 1970Derek and the DominosBell Bottom Blues,Layla461 Ocean Boulevard2 july 1974Eric ClaptonI Shot the Sheriff (Bob Marley and the Wailers cover),Willie and the Hand Jive (Johnny Otis cover)There's One in Every Crowdmaart 1975Swing Low, Sweet ChariotNo Reason to Cry27 augustus 1976Hello Old Friend,CarnivalSlowhand25 novimber 1977Lay Down Sally,Wonderful Tonight,Cocaine (J. J. Cale cover)Backless25 novimber 1978PromisesAnother Ticket17 febrewaris 1981 I Can't Stand It,Another TicketMoney and Cigarettes17 febrewaris 1983I've Got a Rock 'n' Roll Heart,The Shape You're InBehind the Sun11 maart 1985Forever Man,See What Love Can Do,She's WaitingAugust24 novimber 1986It's in the Way That You Use It,Behind the Mask (Yellow Magic Orchestra cover),Tearing Us Apart (mei Tina Turner)Journeyman7 novimber 1989PretendingFrom the Cradle13 septimber 1994Pilgrim10 maart 1998My Father's Eyes,She's Gone,Circus,Born in Time (Bob Dylan cover),PilgrimReptile13 maart 2001I Ain't Gonna Stand for It (Stevie Wonder cover),Superman Inside,Believe in LifeMe and Mr. Johnson23 maart 2004If I Had Possession Over Judgement Day (Hambone Willie Newbern cover),Come On in My Kitchen (Robert Johnson cover)Back Home29 augustus 2005Clapton27 septimber 2010Old Sock12 maart 2013I Still Do20 maaie 2016Happy Xmas12 oktober 2018Meanwhile2024

Keppelings om utens Claptons "Crossroads" Rehab centre, Antigua Unoffisjele Clapton side

Kategory:Ingelsk popartyst Kategory:Ingelsk rockartyst Kategory:Ingelsk R&B-artyst Kategory:Ingelsk bluesartyst Kategory:Ingelsk jazzartyst Kategory:Ingelsk reggae-artyst Kategory:Ingelsk sjonger Kategory:Ingelsk muzikant Kategory:Ingelsk gitarist Kategory:Ingelsk lietsjeskriuwer Kategory:Ingelsk autobiograaf Kategory:Grammy-winner Kategory:Ingelsk persoan fan Kanadeesk komôf Kategory:Persoan berne yn 1945