thumb| Flagge fan Oerterp De flagge fan Oerterp is de flagge fan it doarp Oerterp, yn de Fryske gemeente Opsterlân. De flagge waard yn 1982 registrearre.
It ûntwerp is fan P. Bultsma.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Giel mei in griene flechtkeper, wêrfan de punt op in fjirde fan de lingte leit, belein mei in giel klaverblêd, en yn de hijs twa swarte mûne-izers, ien boppe en ien ûnder.
De kleuren komme út it wapen fan Oerterp.
Symbolyk
Giel fjild: ferwiist nei de lizzing fan it doarp op in sânrêch. Keper: ferwiist ek nei de lizzing fan it doarp op in sânrêch. Klaverblêd: ferwiist nei de lânbou yn de omkriten fan it doarp. Mûne-izers: ferwiist nei de protte mûnen dy't it doarp hie.
Sjoch ek
Oerterp Kategory:Oerterp