Arthur Owen (Art) Mollner (Saranac Lake, 20 desimber 1912 - Westlake Village, 16 maart 1995) wie in Amerikaansk basketballer.

Yn 1936 makke Mollner diel út fan it Amerikaansk basketbalteam dat meidien hat oan de Olympyske Spullen yn Berlyn. By dit toernoai spile er twa wedstriden, ynklusyf de finale, en skoarde hy seis punten. Nei syn karriêre as spiler waard hy coach fan it team Los Angeles Fibber McGee & Molly, en wurke er by de plysje yn Los Angeles. Art Mollner ferstoar op 16 maart 1995, yn 'e âldens fan 82 jier.

Kategory:Amerikaansk basketballer Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk plysjeman Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 1995