Carl Stanley Knowles (San Diego, 24 febrewaris 1910 - Los Angeles, 4 septimber 1981) wie in Amerikaansk basketballer.

Yn 1936 makke Knowles diel út fan it Amerikaansk basketbalteam dat meidien hat oan de Olympyske Spullen yn Berlyn. By dit toernoai spile er twa wedstriden, ynklusyf de finale, en skoarde hy seis punten. Nei syn karriêre as spiler wurke er yn de filmyndustry. Carl Knowles ferstoar op 4 septimber 1981, yn 'e âldens fan 71 jier.

Kategory:Amerikaansk basketballer Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1981