thumb| Flagge fan Warstiens De flagge fan Warstiens is de flagge fan it doarp Warstiens, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.

By it gemeenteriedsbeslút fan 8 desimber 1985 binne in wapen en flagge fêststeld foar de 18 doarpen fan de eardere gemeente Boarnsterhim.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Twa lingtebanen fan blau en wyt, ferhâlding lingten 2:1; yn de blauwe baan in giel klaverblêd.

De kleuren komme út it wapen fan Warstiens.

Symbolyk

Wite baan: symboal foar it Langdeel, in kanaal dat de himrik fan Warstiens yn twaen dielt. Klaverblêd: ferwiist nei it agraryske karakter fan it doarp. Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Idaerderadiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.

Sjoch ek

Warstiens Kategory:Warstiens