Verwirrung der Gefühle (Dútsk, "Ferwarring fan gefoelens") is in novelle fan de Eastenrykse skiuwer Stefan Zweig út 1927, útjûn yn in bondel fan ferskate ferhalen.
Ynhâld De soan fan in Gymnasiumdirkteur út in lytse stêd yn it noarden fan Dútslân, studearet Ingelsk, ynearsten yn Berlyn. At syn heit fernimt dat it troch de stêd net goed komt mei de stúdzje, wurdt er ferplakke nei in universiteit yn it midden fan Dútsklân. Dêr komt de jonge yn 'e kunde mei in Filology-perfessor. Der komt in ferhâlding fan, mûglik in leafde, tusken beide manlju. Lykwols is de ferteller de studint as dy jierren âlder is, dat it is foar de lêzer net persys wis wat at der wier bart is, of wat de studint allinnich mar tocht, yn syn ferwarring fan gefoelens.
Wurdearring Verwirrung der Gefühle waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.
Kategory:Literêr wurk fan Stefan Zweig Kategory:Dútsktalige roman Kategory:Roman út 1927 Kategory:Literatuer oer homoseksualiteit Kategory:Literatuer oer ûnderwiis