Galina Ivanovna Zybina (Leningrad, 22 jannewaris 1931 - Sint-Petersburch, 10 augustus 2024) wie in Russyske atlete, dy't útkaam foar de Sovjet-Uny.

Sy die fiif kear mei oan it Europeesk kampioenskip en fjouwer kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1952, 1956, 1960 en 1964). Sy waard by dizze kampioenskippen ien kear ien kear Olympysk kampioene en ien kear Europeesk kampioene. Tusken 1952 en 1956 fêstige se acht wrâldrekôrs en 14 nasjonale rekôrs yn it kûgelstjitten. Yn 1953 waard se de earste frou dy't oer de 16 meter smiet, mei in worp fan 16,20 meter.

Galina Zybina ferstoar op 10 augustus 2024, yn 'e âldens fan 93 jier.

Kategory:Russysk kûgelstjitter Kategory:Russysk Olympysk kampioen‎ Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2024