Echte ara's (Ara) binne in fûgelskaai fan 'e famylje fan 'e Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). Se libje yn Súd-Amearika en Midden-Amearika. Oer de omfang fan it skaai bestiet sûnt lang gjin ienriedigens. Neffens de lêste konsensus falle ûnder it skaai noch acht besteande soarten. Twa soarten binne útstoarn.
It wurdt ara is lânseigen en in klankimitaasje út de rop fan 'e fûgels. Dy typyske lûden binne allinne eigen oan 'e gruttere soarten. It skaai waard foar it east definiearre troch de Frânske natoerûndersiker Bernhard Germain de Lacépède yn 1799.
Algemien akseptearre soarten Alle arasoarten geane yn oantallen efterút of wurde bedrige. Fan trije is de wylde populaasje sa lyts, dat se grut gefaar rinne út te stjerren.
List fan echte ara's Echte Arasoarten Ofbyld wittenskiplike namme Fryske namme Status 120px Ara ambiguus grutte soldate-ara krityk 120px Ara ararauna blaugiele ara net bedrige120px Ara chloropterus grienwjukara net bedrige120px Ara glaucogularis blaukielara krityk120px Ara macao reade ara net bedrige120px Ara militaris lytse soldate-ara gefoelich120px Ara rubrogenys readwangara krityk120px Ara severus dwerchara net bedrige 120px Ara tricolor Kubaanske ara útstoarn gjin ôfbyld oanwêzich Ara autocthones Portorikaanske ara útstoarn
Hypotetyske soarten Ara's waarden al foar de komst fan Europeanen troch de lânseigen folken fan Súd-Amearika nei Karibyske eilannen transportearre. De Paleo-Amerikanen joegen op de fûgels foar it fleis en de fearren en hannelen yn 'e fûgels. Se joegen inoar en letter ek Kristoffel Kolumbus ara's as geskink. Dêrom is it lestich fêst te stellen of de eartiidske fermeldingen fan ara's op dy eilannen endemyske soarten wiene of dat it om ynfierde fûgels gyng.
Der soene teminsten trettjin Karibyske útstoarne soarten ara's west ha. Fan mar trije soarten dêrfan binne resten oerbleaun: de Kubaanske ara (Ara tricolor), de Gûadelûpara (Ara guadeloupensis) en de Porto Rikaanske ara (Ara autocthones; ek: Saint Croix-ara). Foar sa fier se bestean ha, binne alle arasoarten op 'e Kariben útstoarn.
Njonken dy trije bekende soarten binne der ek hypotetyske soarten, dy't allinne bekend binne fan rapporten en ferslaggen. In oantal fan dy soarten waarden oan it begjin fan 'e 20e iuw troch Walter Rothschild neamd en krigen in namme.
Der waarden ek oare soarten neamd, mar de measten krigen nea in wittenskiplike namme.
List fan hypotetyske soarten ara's Hypotetysk útstoarne soarten Ofbyld wittenskiplike namme Fryske namme Ferspriedingsgebiet120px Ara erythrocephala Readkopara Jamaika 120px Ara gossei Jamaikaanske reade ara Jamaika 120px Ara martinica Martinyk-ara Martinyk Ara atwoodi Dominika-ara Dominika 120px Ara guadeloupensis Gûadelûpara Gûadelûp
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Pappegaai fan Afrika en de Nije Wrâld