Meindert Talma (Opperdoes, 2 novimber 1968) Gemeentedichter (Wâlddichter) van Achtkarspelen 26 jannewars 2017 is popmuzikant en skriuwer, aktyf yn de Grinzer muzykwrâld. Hy is ek ôfstudearre histoarikus.

Talma groeide op yn in grifformeard ûnderwizersgesin yn Surhústerfean. Hy naam letter ôfstân fan it leauwen, mar fielt yn 2025 noch hieltyd in ûndergrûn dêryn. Yn syn jeugd die er eins tsjin syn sin oan kuorbal by KV It Fean, me't er leaver fuotballe. De muzyk begûn al betiid doe't er thús oefenje en spylje koe op in Johannus, letter waard dat in Yamaha Electone; beide wiene elektroanyske oargels foar thús.

Talma hat oant no ta tige produktyf west: yn in tiidsbestek fan 7 jier ferskynden 5 CD's, twa romans en in boek mei fraachpetearen. Yn syn persoanlike teksten, faak fol mei selsspot, brûkt Talma sawol it Frysk as it Nederlânsk. Talma hie ek in Ingelsktalich siidprojekt, Tamango, wylst er mei syn krautrockband Ausputzer yn it Dútsk sjongt.Dagblad van het Noorden - Meindert Talma zet 'vergeten' Duitstalige Krautrockplaat na tien jaar alsnog online: 'Het was wat experimenteler dan mensen van mij gewend waren' Syn muzikale ynfloeden binne divers. De New Wave út it begjin fan de 80-er jierren is dúdlik werkenber yn guon fan syn nûmers, mar ek Lou Reed hat grutte yndruk op him makke. Meindert Talma is sûnt 1997 foaroanman fan de freoneband Meindert Talma & The Negroes.

Hy is fierder aktyf as redakteur fan it Fryske tydskrift De Blauwe Fedde en kollumnist foar ûnder oaren de Ljouwerter Krante dêr't syn bydragen ferskynden ûnder de titel Talma Tikt.

Begjin july 2026 makke Talma fia sosjale media bekind dat er oan bonkekanker yn ien fan syn rêchwringen lijt. Hy soe derfoar in yntensyf medysk trajekt trochgean moatte, dat him nei alle gedachten teminsten in jier fan it muzykmeitsjen ofhâldt. Muzikant Meindert Talma is ziek en zegt optredens voor komende tijd af. Omrop Fryslân, 3 july 2026

Bibliografy Dammen met ome Hajo, 1999, roman De Blauwe Fedde yn petear (tegearre mei Nyk de Vries), 2001, samling fraachpetearen Kriebelvisje, 2003, roman Laat het orgel jammeren, 2011, poëzij Kelderkoorts, 2013, autobiografysk boek mei album Je denkt dat het komt, 2017, autobiografysk boek mei album De Domela Passie, 2019, boek mei album Gezinsverbijstering, 2025, autobiografysk boek mei album

Diskografy 30 jaar Muzikale Fruitmand, 1995, Single (fynyl) Hondert punten, 1997 Ferhûddûker, 1998 Dammen met ome Hajo, 1999 Leave Stumper, 2001 Kriebelvisje, 2003 Meindert Talma & The Negroes, 2005 Nu geloof ik wat er in de Bijbel staat, 2007 Tamango, 2009, (Film (DVD) en CD) De zee roept, 2011 (by in fotoboek fan Tryntsje Nauta) Eenmaal Oranje, 2012. Album Kelderkoorts 2013. Soloalbum mei bydragen fan Ausputzer en de Snakkers WERKMAN 2015 Meindert Talma & The Melisma Saxophone Quartet. In lietesyklus oar Hendrik Werkman. Jannes van der Wal, 2016. Konseptalbum oer damjen fanwegen de berte 60 jier lyn en it ferstjerren 20 jier lyn fan dammer Jannes van der Wal Je denkt dat het komt, 2017. Album Balsturig, 2019. Album De Domela Passie, 2019. Album Minna, 2021. Album Schandalig, 2023. Album Gezinsverbijstering, 2025. Album Celluloid illusies, 2026. Album

Ferskaat Op 16 oktober 2004 winne The Negroes it festival Liet 2004 mei it nûmer "Dûnsje wyldekat dûnsje".

Keppeling om utens De thússide fan Meindert Talma

Kategory:Frysk muzikant Kategory:Frysk sjonger Kategory:Sjonger yn it Frysk Kategory:Frysk lietsjeskriuwer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Persoan berne yn 1968