Anna Christina (Ank) Reinders (De Haach, 13 novimber 1931 - Leien, 4 july 2024) wie in Nederlânsk sopraan.
Libbensrin Yn earste ynstânsje seach it der net nei út dat se yn de muzykwrâld bedarje soe, alhoewol't se al jong pianoles krige. Ienkear it gymnasium yn Den Haach ôfrûne, studearre se Frânske taal en letterkunde oan de Universiteit Leien. Op it gymnasium en letter de universiteit song se yn it skoalle- en universiteitskoar. Dat resultearre yn sang ûnder lieding fan Felix de Nobel en Jaap Stotijn. Mooglik ûnder harren ynfloed beëinige hja har stúdzje Frânsk en begûn in sjongoplieding oan it Haachsk Konservatoarium. Yn oanfolling dêrop folge se oan it Mozarteum in koarte kursus op heech nivo fan Elisabeth Höngen en Ferdinand Grossmann.
Hja naam yn de fyftiger jierren net ûnfertsjinstlik diel oan sjongkonkoersen, mar in earste priis wie net foar har weilein. Al wie se yn dy perioade ferfangster foar sike solisten yn opera’s. Yn maart 1959 ferbûn se har oan it Wiener Kammeroper. Yn 1968 wie se ien fan de oprjochters fan it Nederland Vokalisten Ensemble ûnder lieding fan Cris Verhoog. It selskip spesjalisearre him yn âlde en nije muzyk, mar foel in oantal jierren letter útinoar. Se luts dêrnei suksesfol troch Europa en de Feriene Steaten.
Fan 1974 ôf begûn se in lange karriêre binnen de sjongedukaasje, begjinnend mei koarte kursussen oan universiteiten. De klam fan har pedagogyk lei yn de medyske eftergrûn fan it sjongen. Hja ferbûn har earst oan it Heger Ynstitút foar Dramatyske Keunsten oergeand yn Studio Herman Teirlinck. Dêrnei yn 1982 ferbûn se har oan it Konservatoarium fan Twinte yn Ynskedee, dêr't se mear as tsien jier les jaan soe. Yn dyselde perioade (1975-1985) wie se eksaminator by steatseksamens sang. Se joech ek in tal kursussen oan de Hochschule für Musik Hanns Eisler Berlin yn Berlyn yn de perioade dat de Berlynske Muorre delhelle waard.
Foar har betsjutting yn de sjongwrâld waard se yn 1981 beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau, twa jier letter yn 1983 beëinige se har aktive sjongkarriêre. Ank Reinders wie troud mei arsjitekt Cor Westerduin (1928-2010). Ank Reinders ferstoar op 4 july 2024, yn 'e âldens fan 92 jier.
Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2024 Kategory:Nederlânsk operasjonger Kategory:Nederlânsk muzykpedagooch Kategory:Sopraan Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau