The Sound and the Fury (Ingelsk, betsjut soks as "It Lûd en de Lilkens") is in roman út 1929 fan skriuwer en Nobelpriiswinner William Faulkner: in skriuwer út de Feriene Steaten. De roman is ien út in rige troch Faulkner, út it tiidrek 1929 - 1936, ferbûn oan it fiktive Yoknapatawpha County, Mississippi. De roman hat ferskate fertelstilen, ûnder oare de stream of consciousness.
Ynhâld Ut fjouwer ferskate ynstekken behandelt de romand de delgong fan de famylje Compson, dy't yn'e tiid fòàr de Amerikaanske Boargeroarloch gouwen as aristokrasy, mar stadichoan dy posysje kwytreitsje. It is net iens wis at de Konfederaasje by Faulkner wier de kriich ferlern hat.
Titel De titel komt fan in sitaat út it toanielstik Macbeth fan William Shakespeare. Yn it Ingelskː Macbethː ... Out, out, brief candle! Life’s but a walking shadow, a poor player That struts and frets his hour upon the stage And then is heard no more: it is a tale Told by an idiot, full of sound and fury, Signifying nothing. Akte 5, sêne 5.
Wurdearring The Sound and the Fury waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.
Kategory:Literêr wurk fan William Faulkner Kategory:Histoaryske roman Kategory:Southern Gothic-literatuer Kategory:Modernistyske literatuer Kategory:Famyljekronyk Kategory:Ingelsktalige roman Kategory:Roman út 1929 Kategory:Literatuer oer famyljerelaasjes Kategory:Literatuer oer oerhoer Kategory:Literatuer oer selsmoard Kategory:Literatuer oer in universiteit