thumb|Kaart fan de gemeente Ransdoarp yn it jier 1865 thumb|Eartiidske gemeentehûs fan de gemeente yn it jier 1921 Ransdoarp (Nederlânsk: Ransdorp) wie in gemeente yn de provinsje Noard-Hollân, benoarden de IJ boppe Amsterdam. De gemeente lei yn de regio Wetterlân. It haadplak fan de gemeente wie it doarpke mei deslde namme: Ransdoarp.
Yn 1840 hie de gemeente 161 huzen mei 1.022 ynwenners.
Skiednis Gemeente Fanôf 1811 wie Ransdoarp in eigen gemeente. Yn 1818 waarden de doarpen Durgerdam en Holysleat ek part fan de gemeente. Yn 1857 waard de eartiidske gemeente Skellingwâlde ek part fan de gemeente Ransdoarp.
Wettersneed Tidens de wettersneed fan 1916 rûn it gebiet in soad skea op. De doarpen wien net yn steat de skea mei eigen guod te reparearjen. Ek de Earste Wrâldkriich hat net in soad goeds dien. Ransdoarp en Nijendam fersochten yn 1918 oan Amsterdam om anneksearre wurden. Búksleat hie yn 1913 al fersocht oan Amsterdam om anneksearre te wurden. De anneksaasje gie yn op 1 jannewaris 1921. In betingst wie wol dat Amsterdam soargje soe foar goeie ynfrastruktuer.
Kategory:Eardere gemeente yn Noard-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1921