Le Hussard sur le toit (Frânsk foar "De Huzaar op it dak") is in aventoereroman fan Jean Giono út 1951, útjûn troch Gallimard. It is in part fan de huzaarsyklus. It boek fertelt it ferhaal fan Angelo Pardi, in jonge Italiaanske carbonaro kolonel fan de huzaren, dy't yn de goalera-epidemy fan 1832 yn de Provence bedarret.
Wurdearring Fan it boek waarden lûd- en byldferzjes makke, lykas yn 1995 in film. Le Hussard sur le toit waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.
Kategory:Literêr wurk fan Jean Giono Kategory:Frânsktalige roman Kategory:Aventoereroman Kategory:Roman út 1951 Kategory:Literatuer oer in militêr Kategory:Literatuer oer in epidemy of pandemy