Lorsch is in plak yn 'e lânkring Bergstraße yn'e Dútske dielsteat Hessen.

Geografy Lorsch hat in oerflak fan 25,24 km² en leit sintraal yn Dútslân, in bytsje west fan it geografyske middelpunt.

It besjen wurdich De abdij fan Lorsch waard om 764 hinne stifte. Fan it eardere Karolingyske kleaster is allinne de poarte bewarre bleaun. It ferfal fan it earder sa machtige kleaster sette yn 'e 12e iuw útein en in brân yn 1556 makke der in ein oan. It kleaster waard mei in soad besit bedield fan 'e Bodensee yn it suden fan Dútslân oant yn Nederlân ta. Yn in hoeke fan 'e lokaasje leit Loadewyk de Dútser begroeven, de earste kening fan East-Frânsje. De abdij is yn 1991 opnommen op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Njonken in oantal 18e-iuwske fakwurkhûzen is it ek 18e iuwske Alde Riedshûs (Altes Rathaus) út 1715 it besjen wurdich. De protestantske tsjerke fan Lorsch waard yn 1895 boud. De barokke roomske tsjerke is oan Sint-Nazarius wijd en stamt út 1726. Musea Museumzenter Lorsch Tabaksmuseum

Ofbylden fan Lorsch

Kategory:Plak yn Hessen Kategory:Gemeente yn Hessen