Junkers Ju 188 275px Rol Taktysk bommesmiter, ferkenner Makker Junkers Untwerper Earste flecht 1941 Yn tsjinst 1943 Ut tsjinst 1951 Frankryk Tal makke 1.234 (1943-1945) Brûkers Nazy-Dútslân Frankryk en Feriene Keninkryk (nei de oarloch) Fariant Junkers Ju 388 De Junkers Ju 188 Rächer ('Wreker') wie in middelswiere Dútske bommewerper boud yn de Twadde Wrâldoarloch, de plande opfolger fan de Junkers Ju 88 mei bettere prestaasjes en gruttere lading. It tastel waard mar yn beheinde oantallen produsearre, sawol troch de oanwêzigens fan ferbettere ferzjes fan de Ju 88, as troch de hieltyd effektivere alliearde strategyske bombardeminten op de Dútske yndustry en de dêrút folgjende fokus op de produksje fan gefjochtsfleantugen.
De Ju 188 koe brûkt wurde as bommesmiter (A, E, G, K), torpedobommesmiter (A, E), jager op grutte hichten (T), langeôfstânsjager (S), ferkenningsfleantúch (D, F, H, L), swiere jager (J) of ferbiningsfleantúch (U).
Ynset Uteinlik ûntfongen allinnich Kampfschwader 2, 6 en 26 grutte oantallen Ju 188s. Gruppe van Kampfgeschwader 2 die mei oan Operaasje Steinbock op Súd-Ingelân, fan jannewaris oant maaie 1944, mei 35 Ju 188Es en de I. Gruppe van Kampfgeschwader 6 mei 41 Ju 188As.
Technyske feiten thumb|Bemanning fan in Ju 188 foar de start thumb|Junkers Ju 188 A-3, 2. Staffel des KG 6 Parameter Gegevens Ju 188 A-2 (1943) Funksje Bommesmiter Bemanning 4 Lingte 14,95 m Spanwiidte 22,02 m Hichte 4,45 m Fleugeloerflak 56 m² maks. startgewicht 15.000 kg Heechste faasje 525 km/o Tsjinstplafond 10.000 m Fleanberik 2200 km (mei heale bomlading) Oandriuwing twa V-12-motors Junkers Jumo 213 fan 1750 hk Bewapening twa 20-mm-MG 151/20 fluchfjoerkanonnen, twa 13-mm-MG 131 en oant fjouwer 7,92-mm-MG 81 oant 3000 kg bommen of torpedos
Literatuer Wolfgang Wagner: Hugo Junkers Pionier der Luftfahrt – seine Flugzeuge. Aus der Reihe: Die deutsche Luftfahrt, Bân 24, Bernard & Graefe Verlag, Bonn 1996, ISBN 3-7637-6112-8. Heinz J. Nowarra: Die deutsche Luftrüstung 1933–1945. Flugzeugtypen Henschel – Messerschmitt. Bân. 3, Bernard & Graefe, Koblenz 1993, ISBN 3-7637-5467-9, s. 106–110.
Kategory:Dútske bommesmiter Kategory:Dútske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1941