Cheikh Tidiane Gaye (Thiès yn Senegal, 1971) is in Senegaleeske skriuwer en dichter dy't yn Itaalje wennet. Hy is teffens fredesaktivist.
Biografy Cheikh Tidiane Gaye is fan Senegaleeske komôf. Hy studearre filosofy oan de universiteit fan Genua. Nei syn ôfstudearjen keas er foar emigraasje en ferhuze er earst nei Ivoarkust, dêr't er twa jier wenne, en dêrnei yn 1997 nei Italië en waard dêr in naturalisearre steatsboarger. Flaviano Pisanelli e Laura Toppan, I poeti italofoni contemporanei. Profili Critici, in Confini di-versi, collana Moderna/Comparata, Firenze University Press, 2019, s. 195, ISBN 978-88-6453-932-4.
Gaye hat ferskate dichtbondels publisearre en guon fan syn gedichten binne yn twa talen publisearre. Hy wurdt beskôge as in oanhinger fan de Afrikaanske oraliteitsjongers.
Hy rjochte de Grand Prix International Léopold Sédar Senghor op. Yn 2010 die er mei oan it Festivaletteratura yn Mantua, dêr't er Alda Merini en Davide Rondoni ta syn favorite Italiaanske dichters rekkene. Cheikh Tidiane Gaye con Itala Vivan, n. 2010_09_11_169, su archivio.festivaletteratura.it.
Yn 2024 waard er beneamd ta folweardich lid fan de Europeeske Akademy fan Wittenskippen en Keunsten yn Salzburg.
Gaye wennet yn Italië yn Arcore, provinsje Monza en Brianza yn Lombardije.
Underskieding 2024: Ridder yn 'e Oarder fan Keunst en Letteren Le poète et écrivain Cheikh Tidiane Gaye reçoit la médaille de l’Ordre des Chevaliers des Arts et des Lettres de la République Française]
Publisearre wurken Il Giuramento, roman - Liberodiscrivere, Genua Mery, principessa albina, mei foarwurd troch Alioune Badara Bèye, Novel – Edizioni dell’arco, Milaan (2005). Il sangue del Djali, poëzy – Edizioni dell’arco, Milaan (2007). Ode nascente- Ode naissante, Italjaansk-Frânske poëzy, Edizioni dell’arco, Milaan (2009). Curve alfabetiche, poëzy - Montedit Edizioni (2011). L'étreinte des rime/ Rime abbracciate, mei foarwurd fan Tanella Boni, Poëzij, Italjaansk-Frânsk ko-publikaasje, Éditions L'Harmattan Parys - Frankryk (2012). Prendi quello che vuoi ma lasciami la mia pelle nera, roman - Foarwurd troch de prefekt fan Milaan Giuliano Pisapia. Jaca Book, Milaan, (2013). Léopold Sédar Senghor: il cantore della negritudine, poëzy, oersetting, Arc Editions (2014) Ma terre mon sang, poëzie, Ruba Editions, Senegal (2018). Il sangue delle parole, poëzy, Kanaga Edizioni (2018). Ombra, poëzy, Kanaga Edizion (2022). Voglia di meticciato – Dialogo tra le culture ed etica, essay, Kanaga Edizioni, (2022). Les litanies du cœur, poëzy, Kanaga Edizioni (2023).
Keppelings om utens Offisjele webside fan de skriuwer webside Académei Internationale L.S.Senghor
Kategory:Senegaleesk dichter Kategory:Senegaleesk romanskriuwer Kategory:Italjaansk dichter Kategory:Italjaansk romanskriuwer Kategory:Italjaansk persoan fan Senegaleesk komôf Kategory:Persoan berne yn 1971