thumb|400px|right|Brassband yn in typyske brassbandopstellingthumb|400px|right|Besetting fan in brassband In brassband is ien fan de trije rjochtingen út it HaFaBra-fjild. Dêrby stiet de Ha foar Harmony, de Fa foar Fanfare en de Bra foar Brassband. Yn in brassband wurde allinnich koperynstruminten bespile (en slachwurk). In brassband hat in standertbesetting hoewol't dêr inkeldris fan ôfwykt wurdt troch mear minsken deselde partij spylje te litten.

De besetting sjocht der sa út:

1 principal kornet 2 solo kornet 3 solo kornet 4 solo kornet 5 bugel (of flügelhorn) 6 es kornet 7 repriano kornet 8 twadde kornet 9 twadde kornet 10 tredde kornet 11 tredde kornet 12 solo alt 13 earste alt 14 twadde alt 15 earste bariton 16 twadde bariton 17 earste euphonium 18 twadde euponium 19 solo tromboane 20 twadde tromboane 21 bastromboane 22 bes bas 23 bes bas 24 es bas 25 es bas 26 slachwurk

De bettere brassbands út Fryslân behearskje de lanlike top by de Nederlânske Brassband Kampioenskippen en dogge it knap yn de Jeropeeske top. Dêr sitte se yn de middenmoat. Sa't Limboarch bekend stiet om syn harmonyen, stiet Fryslân bekend om syn brassbands:

De bekendste brassbands yn Fryslân binne (2007):

De Wâldsang - Bûtenpost

Soli Brass (earder Soli Deo Gloria) - Ljouwert

De Bazuin - Oentsjerk

Hoewol't dy bands ferbûn binne mei in plaknamme, betsjut dat net dat it pleatslike ferienings binne. Eins binne it provinsjale ferienings. De leden komme út alle parten fan de provinsje en spylje - meastentiids - ek yn de brassband fan harren eigen wenplak.

Keppelings om utens De Wâldsang

Soli Brass

De Bazuin

Kategory:HaFaBra Kategory:Lienwurd út it Ingelsk