De readgrize wrotmûzen (wittenskiplike namme: Craseomys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae) en de tûke fan 'e reade wrotmûzen (Clethrionomyini). Ta dit skaai hearre sân soarten, dy't foar 2019 ta it nau besibbe skaai fan 'e reade wrotmûzen (Clethrionomys) rekkene waarden. Nij DNA-ûndersyk hat lykwols útwiisd dat de readgrize wrotmûzen in apart skaai foarmje.
Soarten
skaai readgrizee wrotmûzen (Craseomys) andersonwrotmûs of Andersons reade wrotmûs (Craseomys andersoni) Hokkaidooske reade wrotmûs (Craseomys rex) imaizumiwrotmûs of Imaizumi's reade wrotmûs (Craseomys imaizumii) Koreaanske reade wrotmûs (Craseomys regulus) readgrize wrotmûs (Craseomys rufocanus) Shanxiwrotmûs (Craseomys shanseius) smithwrotmûs of Smiths reade wrotmûs (Craseomys smithii)
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Wrotmûseftige