De Timpel fan Garni (Armeensk:Գառնիի տաճար) is in timpel yn Garni, likernôch 30 km east fan 'e Armeenske stêd Jerevan. De timpel datearret fan foar it kerstenjen fan Armeenje en is goed bewarre en foar in part renovearre. Der wurdt sein dat de timpel it meast eastlike monumint fan 'e Gryksk-Romeinske wrâld is en de iennige foar it measte part bewarre Hellenistyske timpel út de Romeinske tiid fan 'e eardere Sovjet-Uny.
De yn 'e ioanyske oarder boude timpel waard as heidenske timpel ûnder kening Tiridates I yn 'e 1e iuw boud. De timpel tsjinne om dêr de god Mihr te ferearjen. Der binne ek guon dy't tinke dat de timpel yn 'e 2e iuw as tombe boud waard.
thumb|left|It rekonstruearre plafond. Yn 1679 stoarte de timpel by in ierdskodding yn, mar de measte fragminten bleaune op 'e lokaasje. Yn 'e 19e iuw groeide de belangstelling foar de ruïne en oan it begjin fan en healwei de 20e iuw fûnen der opgravings plak.
Tusken 1969 en 1975 waard de timpel wer rekonstruearre en hjoed-de-dei is it ien fan 'e belangrykste toeristyske attraksjes fan Armeenje.
Ofbylden
Kategory:Timpel yn Armeenje Kategory:Archeologysk fynplak yn Armeenje Kategory:Bouwurk út de 1e iuw