Inside Out is in Amerikaanske komeedzjefilm, fantasyfilm en coming-of-agefilm út 2015 yn 'e foarm fan in lange kompjûteranimearre tekenfilm fan 'e filmstudio Pixar. De film stie ûnder rezjy fan Pete Docter, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Amy Poehler en Phyllis Smith, mei Lewis Black, Bill Hader, Mindy Kaling en Richard Kind yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Binnenstbûtenst". It ferhaal fynt plak yn it ferstân fan in alvejierrich famke, dêr't fiif personifiëarre emoasjes (Blydskip, Fertriet, Lulkens, Eangst en Ofkear) har troch it libben besykje te lieden. Dat slagget hiel aardich, oant it famke mei har âldelju ferhuzet fan it plattelân fan Minnesota nei de binnenstêd fan San Francisco, wylst Blydskip en Fertriet ferdwaald reitsje yn 'e opslach fan it lange-termynûnthâld.

Regisseur Docter kaam op it idee foar it meitsjen fan 'e film doe't er de feroarings yn 'e persoanlikheid fan syn eigen dochter opmurk. Inside Out waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tige loovjende resinsjes en groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. Inside Out wûn de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm, de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm, en fierders in BAFTA, in Saturn Award, in Satellite Award, tsien Annie Awards en ferskate oare prizen.

Plot Yn it ferstân fan it famke Riley Anderson besteane fiif basale emoasjes dy't al har hâlden en dragen behearskje: Blydskip, Fertriet, Lulkens, Eangst en Ofkear. Har ûnderfinings wurde oantinkens dy't, eltse jûn as Riley har deljout, yn 'e foarm fan kleure bollen opslein wurde yn har lange-termynûnthâld (in ûnbidich grutte dwaalhôf fan withoehege rekken mei fan sokke bollen). Har fiif wichtichste oantinkens, oftewol har 'kearnoantinkens', wurde yn in spesjaal opslachplak bewarre yn it 'haadkertier' fan har ferstân. Dy fiif oantinkens driuwe elts in aspekt fan Riley har persoanlikheid oan, dy't de foarm hawwe fan swevende eilannen. Mei't Riley as poppe alderearst blydskip ûnderfûn, is Blydskip de âldste fan har emoasjes. Mei dêrom nimt sy ornaris it foartou. Ien fan har wichtichste (selsopleine) taken is om 'e ynfloed fan Fertriet te beheinen.

As Riley alve jier is, kriget har heit in nije baan. Dêrfoar ferhuzet it gesin fan it plattelân fan Minnesota nei de binnenstêd fan San Francisco, yn Noardlik Kalifornje. Dy feroaring hat grutte ynfloed op it libben fan Riley. Nettsjinsteande it krewearjen fan Blydskip om oan alle nije ûnderfinings in positive draai te jaan, is wat it fanke meimakket fral negatyf. It nije hûs, dêr't Riley har safolle fan foarsteld hie, blykt lyts, âld en smoarch te wêzen en gjin tún te hawwen. De ferhúswein mei alle besittings fan 'e húshâlding rint fertraging op en bedarret úteinlings op in ferkeard adres yn Teksas, mei as gefolch dat Riley en har âlden wikenlang op primitive wize bivakkearje moatte yn in hûs dat se net himmelje of ynrjochtsje kinne. Har heit, mei wa't se oars sa'n wille hawwe kin, is alhiel besteld mei syn nije wurk en hat gjin tiid foar har. It pizzarestaurant yn 'e strjitte servearret mar ien soarte pizza: mei brokkoly, wat Riley net mei.

Wannear't Riley foar it earst nei har nije skoalle giet, freget de skoaljuffer har om wat oer harsels te fertellen. Riley seit dat se út Minnesota komt, en dan kriget de juffer it idee om har wat oer dy steat fertelle te litten, mei't har oare learlingen dêr noch nea west hawwe. Op dat punt feroaret Fertriet mei weromwurkjende krêft blide oantinkens yn drôve, mei as gefolch dat Riley foar it each fan al har nije klasgenoaten begjint te gûlen. Dy fernederjende ûnderfining leveret in drôf kearnoantinken op. Blydskip wol beslist dat alle kearnoantinkens bliid binne, dat se fiert de it drôve kearnoantinken fia in fakuumbuis ôf nei de opslach foar it lange-termynûnthâld. Fertriet fielt de ûnbedimbere oanstriid om 'e oare kearnoantinkens oan te reitsjen, mar om't dy dêrtroch ek drôf wurde soene, besiket Blydskip dat te dwerseidzjen. Yn 'e wrâkseling fan 'e beide emoasjes wurde de oare kearnoantinkens los stompt, wat de persoanlikheidseilannen ûnklear makket. Blydskip, Fertriet en de kearnoantinkens wurde troch de fakuumbuis opsûgd út it haadkertier en útspuid yn 'e opslach fan it lange-termynûnthâld. Dêr reitsje se strâne om't tusken de opslach en it haadkertier yn in djippe kleau gappet, dy't inkeld fia de persoanlikheidseilannen oer te kommen is.

Yn 'e ôfwêzigens fan Blydskip en Fertriet hawwe Ofkear, Eangst en de dominante Lulkens it yn it haadkertier foar it sizzen. Se dogge har bêst om Riley troch it libben te lieden, mar om't it famke no gjin blydskip (of fertriet) mear fiele kin, is dat flink behelpen. De resultaten binne jammerdearlik. Riley lûkt har werom yn harsels, en as har âlden har út har skulp besykje te lokjen, jout se har heit in grutte mûle, mei as gefolch dat se nei har keamer stjoerd wurdt. Wannear't se byldbellet mei har bêste freondinne út Minnesota, wurdt se lulk as se heart dat har plak yn 'e pleatslik iishockeyklub oernommen is troch in nij famke, dat it poerbêst docht. Se kappet it petear ôf en isolearret harsels op dy wize fan har âlde freonen. Har mem meldt har oan by in pleatslike iishockeyklub, mar as se in try-out dwaan mei, fielt Riley inkeld eangst om te falen en jout se de hiele boel yn ôfkear oer. Op 't langelêst fiert Lulkens in nij idee yn: om fuort te rinnen fan hûs en werom te gean nei Minnesota, sadat Riley nije blide kearnoantinkens meitsje kin.

Underwilens ferdwale Blydskip (dy't de oarspronklike fiif kearnoantinkens wer gearfandele hat) en in no apatyske Fertriet yn 'e opslach foar it lange-termynûnthâld. Troch alle kalamiteiten yn 'e bûtenwrâld begjinne Riley har persoanlikheidseilannen ien foar útinoar de fallen en del te stoarten yn 'e kleau dêr't se boppe sweve. Op 'e boaiem fan dy kleau leit de rúchskerne fan oantinkens, dêr't alle ferdizene en ûnbelangrike oantinkens úteinlik bedarje. Mei't de persoanlikheidseilannen de iennichste ferbining tusken de lange-termynopslach en it haadkertier foarmen, freze Blydskip en Fertriet dat se no foargoed yn 'e opslach fêstsitte. Dan moetsje se Bing Bong, it ûnsichtbere freontsje fan Riley út har iere jonkheid. Hy suggerearret dat se de 'gedachtetrein' nimme kinne om wer yn it haadkertier te kommen. Om it stasjon te berikken moat it trijetal ferskate gefaarlike dielen fan Riley har ferstân trochkruse, lykas it plak dêr't abstrakte tinzen foarme wurde en in krite dy't "fantasijlân" hjit. Lang om let helje se trein, mar dy komt stil te stean wannear't Riley yn 'e sliep falt. Troch de dreamproduksjes te ynfiltrearjen slagget it Blydskip en Fertriet om Riley wer wekker skrikke te litten, mar de gedachtetrein ûntspoart alhiel wannear't Riley beslút om har plan út te fieren en fuort te rinnen nei Minnesota. In oar gefolch is dat it lêste persoanlikheidseilân, Famyljebannen, útinoar falt.

Yn in lêste wanhoopsbesykjen wer op har plak te kommen, dêr't dúdlik in skriemend ferlet oan har bestiet, lit Blydskip Fertriet efter en besiket se harsels mei de rêden kearnoantinkens fia in 'tebinnenbringbuis' weromsûge te litten nei it haadkertier. Dat slagget hàst, mar de ferwoastging fan it persoanlikheidseilân Famyljebannen skuort in diel fan 'e lange-termynopslach mei de kleau yn. De grûn ûnder de tebinnenbringbuis sakket wei, en Blydskip en Bing Bong falle yn 'e kleau en bedarje op 'e oantinkensrúchskerne. In telider sleine Blydskip ûntdekt dêre dat se ien fan 'e rêden kearnoantinkens efterútspylje kin oant it in drôf oantinken wurdt oan it ferlies fan in wichtige iishockeywedstryd, en dan wer foarút oant it in bliid oantinken wurdt fan Riley dy't treastge wurdt troch har âldelju en opfleure troch har teamgenoaten. Foar it earst beseft Blydskip dat net alle oantinkens mar ien emoasje hoege te hawwen.

Underwilens merkt Bing Bong dat er stadichoan ta reek begjint te ferdizenjen, sa't mei alle fergetten oantinkens bart. Hy en Blydskip sykje syn âlde raketwein, dy't earder al op 'e oantinkensrúchskerne bedarre wie. De raketwein wurdt oandreaun troch de enerzjy fan sjongen, mar it slagget harren oant twaris ta net om heech genôch te kommen om 'e râne fan 'e kleau te berikken. De trêde kear springt Bing Bong, dy't efter Blydskip sit, út 'e raketwein, sadat dy, mei allinnich Blydskip har gewicht, de râne fan 'e kleau hellet. In skokte Blydskip sjocht fan 'e râne fan 'e kleau ta hoe't in nei har wiuwende Bing Bong yn 'e djipte alhiel ferdizenet ta reek.

Blydskip en Fertriet keare op in komplekse en ûnwierskynlike wize werom nei it haadkertier. Se arrivearje dêr lykwols te let, om't it idee fan Lulkens om fuort te rinnen it hiele kontrôlepaniel swart en ûnbrûkber makke hat. Dat stiet der symboal foar dat Riley no hielendal neat mear fiele kin. Blydskip, dy't leard hat dat Fertriet gjin yrritante neatnut is, sa't se altyd tocht hie, draacht it paniel foar it earst yn Riley har libben oer oan Fertriet. Dy wit it te reäktivearjen om't inkeld fertriet yn dizze steat noch ta Riley trochkringe kin. Riley komt ta besinning en stapt út 'e bus wêryn't se mei de stellen creditcard fan har mem al in inkele reis nei Minnesota boekt hie. Fertriet docht de rêden kearnoantinkens wer teplak, dy't troch har oanrekking feroarje fan blide ta drôve oantinkens. Blydskip langet har it nije drôve kearnoantinken oer fan Riley har earste skoaldei yn San Francisco, dat se op 'e rúchskerne weromfûn hat, sadat dat ek syn rjochtlike plak krije kin. Riley arrivearret thús, dêr't se eangstich oan har ûngerêste heit en mem opbychtet dat se der hielendal neat oan fynt yn San Francisco en dat se werom wol nei Minnesota. Har âlden treastgje har en fertelle dat sy Minnesota ek misse. Blydskip en Fertriet betsjinje it kontrôlepaniel tegearre en skeppe sa fan dizze ûnderfining in nij kearnoantinken, dat foar in part bliid en foar in part drôf is. Ut 'e kleau rize nije persoanlikheidseilannen op, ta teken dat Riley har nije libben yn San Francisco akseptearre hat.

In jier letter hat Riley har hielendal oanpast oan it libben yn har nije wenplak. Se hat nije freonen, is lid fan in nije iishockeyklub en hat dêropta nije hobbys krigen. Yn it haadkertier yn har ferstân wurkje har emoasjes no gear op in nij, folle grutter kontrôlepaniel, dêr't se allegearre tagelyk by kinne. Der sit ien ûnbekende knop op, mei de tekst "Puberteit" derby. Blydskip wit net wat dat is, mar se is derfan oertsjûge dat it neat foarstelle kin en dat se alle swierrichheden no efter de rêch hawwe.

Rolferdieling haadrollen personaazje                           akteur/aktrise oarspronklike ferzje  akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje Blydskip Amy Poehler Peggy Vrijens Fertriet Phyllis Smith Marjolein Algera

byrollen personaazje akteur/aktrise oarspronklike ferzje akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje Lulkens Lewis Black Marcel Hensema Eangst Bill Hader Richard Groenendijk Ofkear Mindy Kaling Georgia Verbaan Bing Bong Richard Kind Stan Limburg Riley Anderson Kaitlyn Dias Elaine Hakkaart Riley har mem Diane Lane Jannemien Cnossen Riley har heit Kyle McLachlan Huub Dikstaal ferjitster Paula Paula Poundstone Maria Lindes ferjitter Bobby Bobby Moynihan Reinder van der Naalt dreamregisseur Paula Pell Hilde de Mildt ûnderbewustebewekker Frank Dave Goelz Paul Disbergen ûnderbewustebewekker Dave Frank Oz Ruben Lürsen Jangles de clown Josh Cooley Leo Richardson ferstânsplysje Jake Flea Fred Meijer Fritz John Ratzenberger Kevin Hassing Brazyljaanske helikopterpiloat Carlos Alazraqui Job Bovenlander mem har Lulkens Paula Pell Hilde de Mildt mem har Ofkear Mona Marshall Donna Vrijhof skoaljuffer Dawnn Lewis Carolina Dijkhuizen de jonge Riley Lola Cooley Manou Jue Cardoso Jangles syn Blydskip Peter Sagal Thijs van Aken emoasjes fan cool famke Rashida Jones ?

Produksje en distribúsje Produksje