thumb|left|Plattegrûn fan de festing yn 1800 Melilla la Vieja ("Ald-Melilla") is de namme fan in grutte fêsting dy't fuort benoarden fan 'e haven yn Melilla stiet, ien fan 'e Spaanske Plazas de soberanía (Soevereine Plakken) oan 'e Noardafrikaanske kust. De sitadel waard boud yn 'e 16e, 17e en 18e iuw. In grut part fan' e fêsting is restaurearre.
De fêsting befettet in protte fan Melilla syn meast wichtige histoaryske plakken, ûnder oare in argeologysk museum, in militêr museum, de Tsjerke fan de Untfinzenis, en in rige fan grotten en tunnels, lykas de Conventico-grotten, yn gebrûk sûnt de de Fenisyske tiid.
Beskriuwing It fort is ferdield yn fjouwer kompleksen. It earste fersterke kompleks mei sivile gebouwen leit op in rotspunt en datearret út de 16e oant 18e iuw. It twadde fersterke kompleks leit op de lâningte en hat muorren út de 17e en 18e iuw. De tredde fêsting waard boud mei de islamityske omheining mei in doar út 'e islamityske perioade, wylst de rest fan'e gebouwen út 'e 18e iuw datearret. It fjirde fersterke kompleks bestiet út fêstingwurken út de 18e iuw.
Kategory:Festingwurk yn Spanje Kategory:Melilla Kategory:Bouwurk út de 16e iuw