De Sint-Katarinatsjerke (Gryksk: Αγία Αικατερίνη; Agia Ekaterina) is in let-Byzantynsk tsjerkegebou yn it noardwest fan 'e Ano Poli (de histoaryske boppestêd) fan 'e Grykske stêd Tessaloniki.
De tsjerke is ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki.
Skiednis Oer de skiednis fan 'e tsjerke is skriftlik hast neat oerlevere. Mooglik hat de tsjerke oarspronklik in kleastertsjerke west. Troch guon wurdt oannommen dat it gebou de katolikon west hat fan it Christós-Pantodýnamos-kleaster. Under sultan Bayezid II waard de tsjerke yn in moskee (Yakub Paşa Camii) feroare. Tusken 1947 en 1951 folge in restauraasje.
Beskriuwing De Katarinatsjerke is in krúskoepeltsjerke mei in sintrale koepel oer fjouwer pylders op in sânhoekige tamboer. Der binne fjouwer lytsere koepels oer de hoeken fan 'e oan trije kanten omfiemjende sydskippen. Oars as by de Aposteltsjerke misse de bûtenste foarhallen. It eksterieur is troch it mitselwurk fan 'e bakstiennen ryk fersierd. De horisontale bou wurdt troch in moarmeren kroanlist fersterke.
Ynrjochting De fresko's binne allinne fragmintarysk bewarre en datearje út likernôch 1315. Foarstellings binne de tsjerkfaars en de Apostelkommuny (yn 'e otterdoksy wurde foarstellings fan it Lêste Nachtmiel fan Jezus yn 'e keunst op bygelyks ikoanen of fresko's de Apostelkommuny neamd), profeten, hilligen, ingels en wûnders fan Kristus. De Pantokrator is net mear oanwêzich.
Kategory:Bouwurk yn Tessaloniki Kategory:Tsjerkegebou yn Grikelân Kategory:Bouwurk út de 14e iuw KAtegory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou