Gayle Jenkins, Lady Jenkins (famkesnamme: Hunnicutt; 6 febrewaris 1943 - 31 augustus 2023) wie in Amerikaanske film-, telefyzje- en toanielaktrise. Se kaam út in militêre húshâlding en wurke as model foar't se in karriêre as aktrise begûn. Hja spile yn goed 30 films, wêrûnder de neo-noir detektivefilm Marlowe (1969), de spionaazjefilm Scorpio (1973) en de telefyzjefilm Return of the Man from U.N.C.L.E. (1983). Ek publisearre se twa boeken. Hunnicutt troude twaris en hie twa bern.
Biografy Jonkheid en oplieding Se waard berne yn Fort Worth, Texas as as as dochter fan kolonel Sam Lloyd Hunnicutt en Mary Virginia (berne Dickerson) Hunnicutt. Hunnicutt gie mei in beurs nei de Universiteit fan Kalifornië yn Los Angeles om Ingelske literatuer en teäterwittnskip te studearjen. Se wurke as fotomodel en waard dêrnei aktrise.
Aktrise Yn har filmkarriêre waard Hunnicutt typecast as in seksy brunette. Se spile Emaline Fetty, in oplichtster dy 't jild besocht ôf te parsen fan de Clampetts yn twa ôfleveringen fan The Beverly Hillbillies yn 1966. Se spile tegearre mei James Garner yn de detektivefilm Marlowe (1969 ), dêr 't har personaazje in glamoereuze Hollywoodaktrise yn wie.
Nei 't se yn 1970 mei har man de sjoernalist David Hemmings nei Ingelân ferhuze, koe Hunnicutt har aktearprestaasjes better ta harren rjocht komme litte. Sy en Hemmings spilen tegearre yn twa horrorfilms yn de iere jierren 1970, Fragment of Fear (1970) en Voices (1973). Se hie in promininte rol as Charlotte Stant yn Jack Pulman's telefyzjebewurking fan Henry James syn roman The Golden Bowl (1972). Se spile Ann Barrett yn The Legend of Hell House (1973) en Tsarina Alexandra yn de telefyzje minysearje Fall of Eagles (1974). Se ferskynde as Irene Adler, tsjinoer Jeremy Brett, yn de earste ôflevering fan de tf-searje The Adventures of Sherlock Holmes (A Scandal in Bohemia) yn 1984. Se ferskynde ek yn in oar Marlowe mystearje yn in ôflevering fan HBO's Philip Marlowe, Private Eye (1983), diskear mei Powers Boothe yn de haadrol. Se hie in byrol yn de skriller Target (1985), mei Gene Hackman en Matt Dillon yn de haadrollen. Hunnicutt gie werom nei de Feriene Steaten yn 1989 om de rol fan Vanessa Beaumont te spyljen yn telefyzjerige Dallas oant 1991.
Yn 2012 wie Hunnicutt te sjen yn in ôflevering fan de HGTV reality show Selling London, wêryn 't se de bûtenpleats Primrose Hill presintearre dêr 't hja en har twadde man, sjoernalist en redakteur Simon Jenkins, trije desennia lang wennen.
Skriuwster Hunnicutt skreau twa boeken. It earste, Health and Beauty in Motherhood, waard publisearre yn 1984. Yn 2004 publisearre se Dearest Virginia: Love Letters from a Cavalry Officer in the South Pacific, mei de brieven dy 't har âlden yn de Twadde Wrâldoarloch útwikselen. Deaberjocht yn The Gardian
Persoanlik libben en dea Op 16 novimber 1968 troude Hunnicutt mei de Britske akteur David Hemmings, mei wa 't se in soan krige, de lettere akteur Nolan Hemmings; se skiedden yn 1975. Hunnicutt troude yn 1978 fannijs mei sjoernalist Simon Jenkins. It stel wenne yn Primrose Hill, Londen, dêr 't se har soan Edward grutbrochten. Jenkins waard beneamd ta Knight Bachelor foar syn fertsjinsten oan de sjoernalistyk yn 2004. Se giene yn 2009 útinoar. Yn 2010 krige se ferkearing mei Richard Evans, tenniskorrespondint fan The Daily Telegraph.
Filmografy
The Wild Angels (1966) as Suzie P.J. (1968) as Maureen Preble The Smugglers (1968 Tf-film) as Adrianna Eye of the Cat (1969) as Kassia Lancaster Marlowe (1969) as Mavis Wald Fragment of Fear (1970) as Juliet Bristow Freelance (1971) as Chris The Love Machine (1971) as astrologysk famke op feest (uncredited) Running Scared (1972) as Ellen Case Voices (1973) as Claire Scorpio (1973) as Susan The Legend of Hell House (1973) as Ann Barrett Nuits rouges aka Shadowman (1974) The Spiral Staircase (1975) as Blanche Strange Shadows in an Empty Room (1976) as Margie Cohn The Sell Out (1976) as Deborah Once in Paris... (1978) as Susan Townsend The Saint and the Brave Goose (1979) as Annabelle West Flashpoint Africa (1980) as Lisa Ford The Million Dollar Face (1981 tf-film) as Diana Masterson Return of the Man from U.N.C.L.E. (1983 tf-film) as Andrea Mackovich Savage in the Orient (1983 tf-film) as Julian Clydesdale Two by Forsyth (1984 tf-film) Target (1985) as Donna Lloyd Dream Lover (1986) as Claire Turnaround (1987) as Pat Silence Like Glass (1989) as Mrs. Martin Hard to Be a God (1989)
Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Persoan berne yn 1943 Kategory:Persoan stoarn yn 2023