thumb|260px|Beskilderd tsjerkje fan Galata. De Beskildere tsjerken yn de Troödos-regio op it eilân Syprus steane sûnt 1985 op 'e UNESCO-list fan it wrâlderfgoed. De tsjerken binne skuorre-eftige tsjerken, dy't fan binnen tige kleurryk beskildere binne en steane yn in gebiet mei ien fan 'e grutste konsintraasjes tsjerken en kleasters út it eardere Byzantynske Ryk.

Yn 1985 waarden neffens in beslút fan 'e 9e gearkomste fan it wrâlderfgoedkomitee tsien fan sokke tsjerken yn 'e UNESCO-list fan it wrâlderfgoed ynskreaun. De ynskriuwing fûn plak op basis fan 'e kritearia (ii), (iii) en (iv). Yn 2001 waard dêr noch in tsjerke oan tafoege.

In útwreiding fan it tal tsjerken yn 2006 mei noch twa tsjerken op 'e 30e sitting waard net yn behanneling nommen, om't de Republyk Syprus de beide nominaasjes noch foar de sitting weromluts.

List fan tsjerken ID-Nr. Tsjerken Plak Opmerkingen Eksterieur Ynterieur 351-01 Agios Nikolaos tis Stegis Kakopetria boubegjin oan it begjin fan 'e 11e iuwletter fergrutte en mei in skuorredak ôfdutsen. 130x130px|center 120x120px|center 351-02 Agios Ioannis Lampadistis Kalopanagiotis ûnderdiel fan in net mear besteand kleasterbestiet út trije tsjerken ûnder ien skuorretek. 120x120px|center 130x130px|center 351-03 Panagia tis Asinou(Panagia Phorviotissa) Nikitari Boubegjin 1105/1106 130x130px|center 120x120px|center 351-04 Panagia tou Arakos Lagoudera Tsjerke út de lette 12e iuwfresko's út 1192 130x130px|center 120x120px|center 351-05 Panagia tou Moutoulla Moutoullas sterk skeinde fresko's út 1280 120x120px|center 351-06 Archangelos Michail Pedoulas neffens ynskrift 1474 130x130px|center 120x120px|center 351-07 Timios Stavros Pelendri yn 'e 13e iuw ienskippichletter fergrutte mei in noardlik en súdlik sydskip 120x120px|center 130x130px|center 351-08 Panagia tis Podithou Galata yn 1502 boud as ûnderdiel fan in net mear besteand kleaster 130x130px|center 120x120px|center Panagia Theotokos Galata ek Archangelos Michail neamd 130x130px|center 120x120px|center 351-09 Timios Stavros tou Agiasmati Platanistasa beskilderingen út de ein fan 'e 15e iuw 130x130px|center 120x120px|center 351-10 Metamorfosis tou Sotiros(Agia Sotira) Palechori bou út de iere 16e iuwien fan 'e meest komplete post-byzantynske fresko-sylcli; sûnt 2001 ynskreaun. 120x120px|center 120x120px|center

De folgjende tsjerke makket kâns om tafoege te wurden op de list: Panagia Chrysokourdaliotissa yn Spilia (sûnt 2002)

De folgjende twa tsjerken wiene foar de list nominearre, mar yn 2006 werom lutsen: Agios Sozomenos yn Galata (2002–2015, nominaasje foar 2006 weromlutsen) Agios Mamas yn Louvaras (2002–2015, nominaasje foar 2006 weromlutsen)

Kategory:Wrâlderfgoed yn Syprus Kategory:Tsjerkegebou yn Syprus