The Assassins of Thasalon is in lange novelle of koarte roman (it is in grinsgefal) fan it fantasysjenre. De titel fan dit boek, dat skreaun waard troch de Amerikaanske auteur Lois McMaster Bujold, betsjut "De Slûpmoardners fan Thasalon". It wurk makket diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, en is it tsiende diel fan 'e sub-rige Penric and Desdemona. Diskear dwerseidet de mei in ynderlike demon bejeftige tsjoender Penric in bizarre moardoanslach op syn sweager, generaal Adelis Arisaydia. Dêrtroch komt er in korrupte en godslasterlike gearspanning op it spoar, en yn 'e mande mei Iroki, in hillige fan 'e Bastert, en de finzen nommen slûpmoardneresse wurdt er neitiid troch syn god op in misje stjoerd om dêrmei ôf te weven. The Assassins of Thasalon waard yn maaie 2021 publisearre as e-boek, en kaam yn juny 2022 yn in hardcoveredysje út by de útjouwerij Subterranean Press, mei in omslach makke troch Lauren Saint-Onge. __TOC__ Ynhâld De tsjoender Penric sibbe Jurald, oarspronklik ôfkomstich út 'e Kantonnen, wennet no al wer ferskate jierren yn Vilnoc, de simmerhaadstêd fan it ûnôfhinklike hartochdom Orbas. Dêr is er ferbûn oan 'e Oarder fan 'e Bastert, Dy't de god is fan lok en ûngelok. Penric is bejeftige mei in ynderlike demon fan dusoarder, in wêzen dat ôfkomstich is fan 'e Bastert en dat er Desdemona neamd hat. Hy is jierren lyn by fersin (of troch de wil fan 'e Bastert) oan har kommen (sjoch: Penric's Demon) en sûnt hawwe se in tige nauwe relaasje, sels freonskip, ûntwikkele, wat goed fan pas komt om't se tegearre ien lichem diele moatte. Demoanen binne nammentlik wêzens fan 'e geast, dy't net yn 'e materiële wrâld bestean kinne sûnder in materieel wêzen om harren te ûnderstypjen.

Yn Vilnoc is Penric bedarre nei syn misbetearde misje nei Cedoania om generaal Adelis Arisaydia foar de tsjinst fan 'e hartoch fan Lodi te winnen (sjoch: Penric's Mission). Dat bliek in falstrik te wêzen dy't opset wie troch de Cedoanske minister Methani om fan 'e te populêr wurden generaal ôf te kommen. Ien en oar needsake in flecht oer de bergen en de Orbaanske grins hinne mei Adelis en syn healsuster Nikys, op wa't Penric fereale rekke. Sûnt libbet Adelis yn ballingskip en is er troch hartoch Jurgo fan Orbas oan it haad fan it Orbaanske leger pleatst yn 'e striid tsjin 'e nomadyske Russylli, dy't de westgrinzen fan it hartochdom teheisterje. Penric is neitiid troud mei Nikys en waard sa de sweager fan Adelis. Hy en Nikys hawwe twa jier ferlyn in famke krigen dat Rina hjit, en Nikys is op 't heden fannijs yn ferwachting.

It ferhaal begjint wannear't Penric in riedseleftich boadskip kriget fan Adelis om him te moetsjen yn it paleis fan hartoch Jurgo. Adelis arrivearret dêre út 'e fêsting bewesten de stêd dy't him ta militêr haadkertier tsjinnet mei in oare man op sleeptou. It docht bliken dat it de Cedoanske generaal Gria is, de kommandant fan it 8e Legioen, dy't yn it geheim útstjoerd is nei Orbas. Cedoania ferkeart nammentlik yn krisis nei de dea fan 'e âlde keizer, acht moannen earder, mei't dy syn erfgenamt de njoggenjierrige prins Mikal is. Neitiid is der sadwaande in regintskip ynsteld, besteande út 'e keizerinne-mem; minister Methani; Methani syn omkesizzer hear Bordane; prins Ragat, de healbroer fan 'e keizer silger; en hear Nao, de man fan prinsesse Laris, de âldere healsuster fan prins Mikal.

Prins Ragat is lykwols in pear moanne lyn hommels kommen te ferstjerren oan wat in oerhaal liket, en koarte tiid letter sneuvele syn soan, prins Ello, yn 'e striid tsjin 'e Russylli. Minister Methani is sûnt dwaande om alle macht nei himsels ta te lûken, wylst de ûnfrede yn it leger, dat nea folle fan Methani hawwe moast, in hichtepunt berikt hat. Hear Nao en prinsesse Laris, dy't sa har eigen fermoedens hawwe oangeande de dea fan prins Ragat, hawwe generaal Gria nei Orbas stjoerd om Adelis, dy't noch altyd tige populêr is ûnder de soldaten, te freegjen en kom werom nei syn heitelân om 'e troepen fan harren partij te lieden yn wat in boargeroarloch liket te wurden. Adelis lit Gria syn ferhaal op 'e nij ôfstekke yn oanwêzigens fan hartoch Jurgo en Penric om iepen kaart te spyljen foar syn nije wurkjouwer oer. Jurgo ornearret dat er Adelis net tsjinhâlde kin om werom te gean nei Cedoania sûnder him op te sluten, en as er dat die, soed er neat mear oan him hawwe as legeroanfierder. It is dêrom Adelis syn kar wat er dwaan wol. Adelis hinget derta oer om it oanbod mar ôf te sizzen.

As Adelis en Penric it paleis ferlitte, fynt der in moardoanslach op 'e generaal plak, dy't tige tipelsinnich fan aard is. In frommeske yn it livrei fan it tsjinstfolk fan hartoch Jurgo, dat beart dat se de treppens foar de haadyngong oan it ôfbjinnen is, blykt in mei in demon bejeftige tsjoenster te wêzen, dy't Adelis hommels in bol gaos nei de holle smyt. Penric is te traach om syn sweager te rêden, mar Desdemona, dy't op eigen manneboet aksje ûndernimt, is dat net. De tsjoenster naait út en Penric is foarearst besteld mei de fersoarging fan Adelis, dy't troch de skamper in lichte harsenskodding oprûn hat. As de bol gaos him yn 'e holle rekke hie, soed er it grif net oerlibbe hawwe. It bringt Penric yn 't sin dat it dogma fan 'e Timpel dat demoanen net brûkt wurde kinne foar moard eins net alhiel wier is. Se kinne persiis ienris brûkt wurde foar moard, wêrnei't de demon oan 'e tsjoender ûntskuord wurdt troch de iepening nei it hjirneimels dy't makke wurdt troch de dea fan it slachtoffer.

De koppige Adelis, dy't derfan oertsjûge is dat minister Methani efter de oanslach sit, beslút no om dochs gehoar te jaan oan 'e oprop fan hear Nao en prinsesse Laris om werom te kearen út ballingskip. Mei generaal Gria set er inkele dagen letter ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster yn in Orbaanske sloep ôf om oersee om it hiele skiereilân dêr't sawol Orbas as Cedoania op lizze, hinne te farren en deunby de Cedoanske haadstêd Thasalon oan lân te gean. Dat is in folle langere reis as om oer lân de grins oer te gean, mar it is ek in rûte dy't minder foar de hân leit en dêrom, nei't men oannimme mei, minder bewekke wurdt. Adelis en Gria sille sa'n achttjin dagen ûnderweis wêze ear't se by Thasalon oankomme en Adelis de lieding op him nimme sil oer in wapene rebûlje fan 'e Cedoanske legioenen tsjin it rezjym fan minister Methani.

Underwilens bliuwt Penric efter yn Vilnoc, dêr't er it geroft yn omrin bringt dat Adelis by de oanslach lichtferwûne rekke is en likernôch fjirtjin dagen it bêd hâlde moatte sil. Hy set in mûklaach op om 'e slûpmoardneresse te fangen, en de nachts nei't Adelis ôfset is, slagget dat. De moardneresse docht in nije wraam op Adelis troch de wente fan Penric en Nikys, dêr't de generaal ferbliuwe soe, binnen te kringen. Penric wachtet har op en brûkt syn eigen krêften as tsjoender om har yn in steat fan bewusteleazens te bringen, ek al rekket er har dêr mar kwealk by oan. Neitiid wurdt it frommeske finzen set yn in antike tsjerker mei de foarm fan in flesse, dy't inkeld fan boppenôf tagonklik is. Sels tsjoenders kinne dêr net út ûntsnappe, sa't Penric út eigen ûnderfining wit, útsein wannear't de sipiers in fatale flater begeane (sjoch: Penric's Mission).

Penric stjoert berjocht oer de saak nei syn oerhearrigen binnen de Orbaanske Oarder fan 'e Bastert yn 'e winterhaadstêd Dogrita. Syn ferwachting is dat er ynstruksjes weromkrije sil om 'e moardneresse dêrhinne te bringen sadat se foar in hillige fan 'e Bastert brocht wurde kin. Sa'n hillige kin troch de Bastert brûkt wurde om nei de materiële wrâld te rikken en har misbrûkte demon oan har te ûntskuorren. Underwilens nimt Penric it op him om 'e moardneresse te ûnderfreegjen. Hja is in jonge frou dy't fan Alixtra hjit en út Thasalon komt. Sy fertelt dat se in widdo mei in soan fan fiif jier is, en dat se as tsjinstfaam yn it paleis fan minister Methani wurke. Hja fertsjinne net genôch om harsels en har soan te ûnderhâlden, dat se naam har taflecht ta dieverij. Doe't se dêrop trappearre waard, stelde Methani har foar de kar om oerlevere te wurden oan 'e autoriteiten, of om in geheime misje foar him te ûndernimmen. Hja keas foar it lêste.

Methani en syn trewant, de Timpeltsjoender Tronio, lieten Alixtra in knyn deadzje dy't beset wie troch in demon fan dusoarder. Dêrtroch sprong de demon nei har ta oer. Neitiid learde Tronio har hoe't se har demon brûke koe om in bol gaos te smiten. Hy naam har mei nei in finzene yn it tichthûs fan Thasalon, in freon fan Methani dy't de minister syn oansteande deastraf besparje woe, sa waard har wiismakke. Op dy manear waard hja derta brocht om 'e man dea te meitsjen troch him in bol gaos nei de holle te smiten. De man stoar en har demon waard Alixtra ûntskuord, mar doe't de man dy't hja fermoarde hie de oare moarns dea oantroffen waard, liek er yn syn sliep ferstoarn te wêzen oan in oerhaal. (Letter docht bliken dat dit minister Hethel wie, in tsjinstanner fan Methani en alhielendal gjin freon, dy't op it punt stie om frijlitten te wurden.) Methani en Trionio lieten Alixtra dêrnei in troch in demon besette fazant deadzje, sadat se sels fannijs in demon krige. De twadde man dy't se fermoarde, diskear sûnder it ferlechje dat Methani it út 'e goedheid fan syn hert die, wie minister Fasso. De trêde wie prins Ragat. Adelis hie har fjirde slachtoffer wurde moatten. Alixtra tekenet dêrby oan dat Methani har soan Kittio yn gizeling hâldt en drige hat it jonkje yn it gefal fan har falen te kastrearjen en as slaaf te ferkeapjen.

Wannear't der berjocht werom komt út Dogrita, is it net wat Penric ferwachte hie. Ynstee dat hy mei Alixtra nei in hillige fan 'e Bastert ta dirigearre wurdt, komt der in hillige by him oan 'e doar. It giet om 'e sillige Iroki, in sljochtwei fiskersman út it doarpke Pef, in eintsje streamop fan Dogrita, dy't yn in dream fan 'e Bastert opdracht krigen hat om him ta te rieden op in lange reis. Wannear't Penric de hillige by Alixtra bringt, rikt de Bastert net troch Iroki hinne om syn demon werom te nimmen, mar hjit er Alixtra: "Soargje tenei better foar Myn geskink oan dy, bern. Silst der noch ferlet fan hawwe." De suver omblaasde Iroki tsjûget neitiid dat de god poerlike fergrime wie, mar net op Alixtra. Hoewol't neiere ynstruksjes ûntbrekke, kin Penric twa en twa wol optelle. Dat, mei Iroki set er ôf nei Thasalon om mei minister Methani en de korrupte timpeltsjoender Tronio ôf te weven, dy't harsels de grime fan in god op 'e hals helle hawwe troch harren godslasterlik misbrûk fan syn jeften. Alixtra giet ek mei, yn it foarste plak om't se har soan Kittio befrije wol út 'e klauwen fan Methani, mar ek om't Penric har op 'e noed nommen hat as nije timpeltsjoenster. Underweis set Penric útein mei har teologysk ûnderrjocht.

Fasilitearre troch hartoch Jurgo wurdt it trijetal mei tûzen hasten yn in koets nei de grins riden, dy't se oerglûpe om yn it earste doarp oan 'e Cedoanske kant in oare koets te hieren dêr't se yn nei Thasalon ride. Penric hat de momkape oannommen fan in keapman yn âlde en seldsume boeken, en Alixtra en Iroki geane troch foar syn assistinten. As se by Thasalon arrivearje, hast in wike foar't Adelis Arisaydia dêr per boat oankomme sil, beslút Penric earst del te gean by frouwe Tanar Xarre, dy't oan Adelis fersein is en no al seis jier wachtet oant er út ballingskip weromkeare sil. It is Penric der sawol om te dwaan om har te warskôgjen foar wat op kommendeweis is, as om ynljochtings oangeande de stân fan saken yn Thasalon op te dwaan fan har en har slûchslimme en gefaarlike siktaris, de albino eunuch Surakos Bosha.