We Were Soldiers is in Amerikaansk-Dútsk-Frânske histoaryske oarlochsfilm út 2002 ûnder rezjy fan Randall Wallace, mei yn 'e haadrol Mel Gibson. De titel betsjut "Wy Wiene Soldaten". De film is basearre op it non-fiksjeboek We Were Soldiers Once… and Young fan Hal Moore en Joseph L. Galloway. It ferhaal giet oer de Slach om Ia Drang yn 1965, it earste wapene treffen tusken Amerikaanske en Noardfjetnameeske gefjochtstroepen yn 'e Fjetnamoarloch. We Were Soldiers krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Plot Yn 1954, ûnder de Earste Yndosineeske Oarloch, is in ienheid fan it Frânske Leger op patrûlje yn it Sintrale Heechlân fan Fjetnam, dat op dat stuit noch in Frânske koloanje is as diel fan Frânsk-Yndo-Sina. De ienheid* rint yn in mûklaach fan 'e Vietminh en wurdt yn in bloedich gefjocht ôfslachte. De ferwûnen en de lêste oerlibbenen, dy't har oerjûn hawwe, wurde op befel fan 'e Fjetnameeske kommandant Nguyễn Hữu An deade. Hy seit: "Meitsje al dejingen dea dy't se stjoere, oant se ophâlde mei it stjoeren fan nijen." *) Loskes basearre op 'e Groupement Mobile No. 100 yn 'e Slach om 'e Mang Yangpas.

Alve jier letter, yn 1965, binne de Feriene Steaten behelle rekke yn 'e Fjetnamoarloch (ûnderdiel fan 'e Twadde Yndosineeske Oarloch) tusken it kommunistyske Noard-Fjetnam (fuortkommen út 'e Vietminh) en it kapitalistyske Súd-Fjetnam. Amerikaanske militêre adviseurs steane it Súdfjetnameeske Leger by, mar dat hâldt de opmars fan it Fjetnameeske Folksleger fan Noard-Fjetnam en de kommunistyske rebellen fan 'e Vietcong net tsjin. It Amerikaanske regear sjocht gjin oare opsje as om sels gefjochtstroepen te stjoeren. Luitenant-kolonel Hal Moore wurdt, yn 'e mande mei sersjant-majoar Basil L. Plumley, útkeazen om 'e ofsieren fan it Amerikaanske Leger te trainen dy't dy gefjochtstroepen oanfiere moatte. Moore jout stal oan in nij soarte oarloch, wêrby't de kavalery net mear op hynders riidt, mar yn Bell UH-1 Iroquois "Huey"-helikopters nei it striidtoaniel ferfierd wurdt.

Lang om let wurde Moore en Plumley mei harren lêste lichting ofsieren sels ek nei Fjetnam ta útstjoerd. Moore kriget dêr it befel oer it 1e Bataljon fan it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint. De ienheid wurdt stasjonearre yn in basis yn it Sintrale Heechlân. Koart nei't Moore-en-dy arrivearre binne, krije se befel om derop út te tsjen om in Noardfjetnameeske legerienheid op te spoaren en te ferdylgjen dy't in wraam op in oare Amerikaanske basis dien hat. Dêrby binne gjin deaden fallen en yn 'e eagen fan Moore is it oerdúdlik bedoeld om Amerikaanske troepen efter de ienheid oan te lokjen om se yn in mûklaach rinne te litten, mar syn oerhearrigen traapje der mei iepen eagen yn. Mei 395 manskippen giet Moore efter de Noardfjetnamezen oan, mar om't der mar genôch helikopters binne om 60 man tagelyk te ferfieren, arrivearje de Amerikaanske soldaten by brokjes en bytsjes op it slachfjild.

Dat slachfjild is de Ia Drangdelling. Moore soarget derfoar dat hy en Plumley by de earste 60 man binne dy't dêr oan 'e grûn set wurde. Se nimme al rillegau in desertearre Noardfjetnameeske soldaat finzen, dy't ferteld dat de Amerikaanske troepen dropt binne oan 'e foet fan in berch dy't it basiskamp foarmet fan in Noardfjetnameeske difyzje fan 4.000 man.

Ien fan Moore syn ûnderhearrigen, twadde luitenant Henry Herrick, dy't der hjit op is om heldedieden te dwaan, liedt syn peloton efter in flechtsjende Noardfjetnameeske ferkenner oan. Dy lokket harren fier by de lâningssône wei nei in plak dêr't se troch de fijân besingele wurde. Herrick is ien fan 'e earsten dy't dêr sneuvelet en alle ûnderofsieren op ien nei komme ek om, sadat it befel oan sersjant Ernie Savage ta falt. Fia in radioferbining ropt er de help yn fan 'e Amerikaanske artillery, dy't de Noardfjetnameeske posysjes om it ynsletten peloton hinne bombardearret. Dêrtroch slagget it Savage en syn mannen om mei swiere ferliezen stân te hâlden.

Underwilens wit Moore foar te kommen dat de lâningssône troch de fijân ûnder de foet rûn wurdt troch syn wifkjende liny fuort te sterkjen mei de farske manskippen dy't om 'e healoere troch de helikopters oanfierd wurde. Nettsjinsteande it feit dat se nûmeryk fier yn 'e minderheid binne en dat se besingele binne yn terrein dat folslein troch de Noardfjetnamezen behearske wurdt, witte de Amerikanen stân te hâlden troch it gebrûk fan mortieren en de help fan 'e Amerikaanske artillery en loftmacht, dy't de fijannige posysje bekûgelje mei bommen en mei napalm. Luitenant-kolonel Nguyễn Hữu An, dy't alve jier nei syn oerwinning op 'e Frânsen noch altyd it kommando fiert yn dit diel fan it striidtoaniel, jout befel ta in grutskalige oanfal op alle Amerikaanske posysjes tagelyk.

Thús yn 'e Feriene Steaten begjinne ûnderwilens de tillegrammen fan it Ministearje fan Definsje oan te kommen by de widdowen fan 'e yn 'e Slach by Ia Drang sneuvele militêren. Mei't de slach it earste militêre treffen is tusken Amerikaanske gefjochtstroepen en it Noardfjetnameeske Folksleger, hat it ministearje fersomme om in meganisme te betinken om 'e neibesteanden op korrekte wize yn te ljochtsjen. Op 'e legerbasis dêr't de húshâlding fan luitenant-kolonel Moore wennet, wurde sadwaande de tillegrammen mei de deadstynge fan sneuvele ofsieren op hurdhertige wize by de widdowen ôflevere troch taksysjauffeurs. Wannear't Moore syn frou Julia dat foar it ferstân kriget, praat se mei it taksybedriuw ôf dat alle tillegrammen tenei by har brocht wurde sille. Se nimt fan dat stuit ôf de emosjoneel beladen besoarging sels op har.

Yn Fjetnam driigje de Noardfjetnamezen ûnderwilens de posysjes fan 'e Amerikanen ûnder de foet te rinnen. Moore lit syn radioman de koade "Broken Arrow" ("Brutsen Pylk") ferstjoere, wat in oprop is oan alle beskikbere militêre fleantugen om 'e fijân oan te fallen, sels op plakken dêr't dy him tige deun by de Amerikaanske linys befynt. De Noardfjetnameeske troepen wurde dan fan alle kanten bombardearre, bestookt mei fleantúchmitrailleurs en besproeid mei baarnende napalm. Gâns soldaten fan it Noardfjetnameeske leger en striders fan 'e Vietcong komme dêrby om, mar de oanfallen liede troch freonlik fjoer ek ta de dea fan ferskate Amerikaanske soldaten. Nettsjinsteande dat wurdt de massale Noardfjetnameeske oanfal op dizze manear ôfslein. Neitiid makket Moore gebrûk fan 'e tydlike gaos oan 'e kant fan 'e fijân troch op 't langelêst sersjant Savage en de oerlibbenen fan it ôfsniene peloton fan luitenant Herrick te ûntsetten.

Moore wergroepearret syn troepen en befeiliget de lâningssône. An beslút om syn reserve yn te setten foar in lêste wraam op 'e Amerikaanske posysjes. Mar Amerikanen brekke troch de earste oanfalsweach hinne en fiere ûnder lieding fan Moore sels in tsjinoanfal út op it Noardfjetnameeske fjildhaadkertier. Dêr wurde se opwachte troch Noardfjetnameeske troepen dy't bewapene binne mei swiere masinegewearen, mar ear't dy it fjoer op 'e Amerikanen iepenje kinne, wurde se sels mei swiere masinegewearen ûnder fjoer nommen en útskeakele troch majoar Bruce Crandall yn syn helikopter en oare Huey's. Mei't er gjin troepen mear oer hat, ûntrommet An dêrnei syn haadkertier yn it ûndergrûnske tunnelstelsel yn 'e berch.

No't er syn doel berikt hat, jout Moore nei trije dagen einlings en te'n lêsten gehoar oan 'e befellen fan hegerhân dy't er hieltyd negearre hie om sels it slachfjild te ferlitten. Nei't de lêsten fan syn manskippen, sawol libben as dea, yn 'e helikopters laden binne, is hysels de alderlêste dy't oan board klimt. Letter keart An mei nije troepen nei it slachfjild werom om 'e Noardfjetnameeske deaden te bergjen. Hy beprakkesearret dat er faald hat om 'e Amerikanen yn dizze earste konfrontaasje oertsjûgjend te ferslaan. It gefolch is dat de Feriene Steaten no fan 'e Fjetnamoarloch har eigen striid meitsje sille. It einresultaat sil itselde wêze (ntl.: de befrijing fan Súd-Fjetnam troch it Noarden), útsein foar alle ekstra mannen dy't no yn 'e striid sneuvelje sille.

Luitenant-kolonel Hal Moore praat nei de Slach by Ia Drang mei legersjoernalist Joseph L. Galloway, dy't de striid ek meimakke hat. Fan syn oarspronklike 395 man binne tsjin dy tiid noch 72 oer. Hy seit dat er himsels nea ferjaan sil om't hy it sels oerlibbe hat. Troch syn superieuren wurdt er lykwols lokwinske om't er mei syn aksjes mear as 1.800 soldaten fan it Noardfjetnameeske leger en rebellen fan 'e Vietcong ombrocht hat. Hy fjochtet neitiid troch op oare plakken yn Fjetnam en keart nei likernôch in jier libben en wol werom nei hûs, dêr't er opwachte wurde troch syn frou Julia en harren fiif bern. De film einiget mei it besyk fan in âldere Moore oan it Tinkteken foar de Fjetnamoarloch yn Washington, D.C., dêr't er de nammen lêst fan 'e soldaten dy't by Ia Drang sneuvele binne.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise luitenant-kolonel Hal Moore Mel Gibson

byrollen personaazje                                      akteur/aktrise sersjant-majoar Basil L. Plumley Sam Elliott majoar Bruce "Snakeshit" Crandall Greg Kinnear Julia Moore Madeleine Stowe luitenant Jack Geoghegan Chris Klein Barbara Geoghegan Keri Russell Joseph L. Galloway Barry Pepper luitenant-kolonel Nguyễn Hữu An Đơn Dương kaptein Tony Nadal Jsu Garcia sersjant Ernie Savage Ryan Hurst luitenant Henry Herrick Marc Blucas kaptein Ed "Too Tall" Freeman Mark McCracken kaptein Matt Dillon Jon Hamm kaptein Tom Metsker Clark Gregg sersjant Galen Bungum Blake Heron sersjant Bill Beck Desmond Harrington kaptein Robert Edwards Dylan Walsh soldaat Jimmy Nakayama Brian Tee luitenant Charlie Hastings Robert Bagnell Catherine LaPlante Metsker Bellamy Young generaal-majoar Henry E. Emerson Patrick St. Esprit generaal-majoar Harry Kinnard Jim Grimshaw

Produksje en distribúsje Produksje We Were Soldiers waard regissearre troch Randall Wallace nei in senario fan himsels op basis fan it non-fiksjeboek We Were Soldiers Once… and Young fan luitenant-generaal b. tsj. Hal Moore en ferslachjouwer Joseph L. Galloway út 1992. As produsinten wiene Wallace, Bruce Davey en Stephen McEveety by it projekt belutsen foar de filmstudio's Icon Productions, Wheelhouse Entertainment, Motion Picture Production GmbH & Co. en StudioCanal. We Were Soldiers wie dêrmei in Amerikaansk-Dútsk-Frânske ko-produksje.

Foar de film wie in budget beskikber fan $75 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Semler, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Nick Glennie-Smith. De opnamen foar We Were Soldiers fûnen yn har gehiel plak yn 'e Feriene Steaten. Foar de sênes yn it Sintrale Heechlân fan Fjetnam waard in lokaasje by Fort Hunter Ligget yn Kalifornje brûkt.

Distribúsje De distribúsje fan We Were Soldiers waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 1 maart 2002 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Historisiteit We Were Soldiers hold him foar in grut part oan hoe't de echte Slach by Ia Drang ek ferrûn. Mar de heldhaftige tsjinoanfal, dêr't luitenant-kolonel Moore oan 'e ein fan 'e film lieding oan jout, is in optinksel fan senarioskriuwer en regisseur Randall Wallace en fûn nea plak. De suggestje fan 'e film dat de slach mei in dúdlike Amerikaanske oerwinning einige, is dêrom ek net wier. It Amerikaanske Leger ferlear by it treffen 323 deaden en ferwûnen op in totale sterkte fan 395 man (81,8%, wêrfan 18% deaden), wylst it Fjetnameeske Folksleger nei skatting 2.049 man ferlear. Luitenant-kolonel Nguyễn Hữu An, dy't dus, oars as de film hawwe wol, syn reserve net ferlear, beskôge de ôftocht fan it bataljon fan Moore lykwols net as de ein fan 'e slach. Ynstee gie de striid op 'e fjirde dei troch mei in oar Amerikaanske bataljon, dat de Noardfjetnamezen fan in oare kant oanfoel.

Untfangst