It Distrikt Kyrenia is de jure in bestjoersdistrikt fan 'e Republyk Syprus. De haadstêd is Kyrenia. It is it lytse distrikt fan Syprus.

Sûnt de Turkske ynvaazje fan 1974 bestiet it distrikt Kyrenia feitlik net mear. De grinzen fan it distrikt komme oerien mei it de fakto distrikt Girne. It is it iennige distrikt dêr't de Republyk Syprus hielendal gjin kontrôle mear op útoefenje kin, sels net op in diel dêrfan. Formeel bestiet it distrikt lykwols noch jimmeroan as fertsjintwurdiger fan 'e ferdreaune bewenners.

Yn 1960 bestie de befolking fan it distrikt út 31.015 ynwenners, dy't foar 79% út Griken, 14% út Turken en 6% út Maroniten bestie. De Maronityske befolking wenne hast folslein yn 'e doarpen Kormakiti, Asomatos and Karpaseia.

Yndieling Neffens de Statistyske Tsjinst fan Syprus bestiet it distrikt Kyrenia út trije stêden en 44 gemeenten. De stêden wurde yn fette letters oanjûn. Alle gemeenten lizzen yn it troch Turkije besette gebiet.

Agia Irini Agios Amvrosios Agios Epiktitos Agios Ermolaos Agios Georgios Agirta Agridaki Asomatos Bellapais Charchia Diorios Elia Fota Ftericha Kafazani Kalogrea Kampyli Karakoumi Karavas Karmi Karpasia Kato Dikomo Kepini Komurcu Kontemenos Kormakitis Koutoventis Krini Kyrenia Lapta Larnakas Livera Motides Myrtou Orga Paleosofos Panagra Pano Dikomo Pileri Sichari Sysklipos Templos Thermia Trapeza Trimithi Vasilia Vouno

Kategory:Distrikt fan Syprus