Luuk Klazenga (25 juny 1964 - Jirnsum, 13 augustus 2024) wie in Fryske tekener út Aldeboarn. Klazenga tekene foar de telefyzjeprogramma’s en de boekjes oer Tomke. Neist syn wurk foar Omrop Fryslân makke er kleurplaten en wie er belutsen by de Afûk.
Biografy Bernetiid As jonkje makke er al graach tekeningen op syn basisskoalle yn Drachten. Op de middelbere skoalle tekene er mei in klasgenoat karikatueren fan dosinten. Mar it kaam net by him op om syn jild te fertsjinjen mei tekenjen. Klazenga begûn syn karriêre as kok by in ynstelling foar handikapte minsken. It foldie him net en hy naam ûntslach. Sûnt 1990 makke er wolris yllustraasjes foar it MSU, de Fryske ûnderwiisbegeliedingstsjinst dy’t letter ûnder Cedin foel. In jier as wat letter waard er frege troch Afûk om in beuker te tekenjen foar in nij taalbefoarderingsprojekt. Mei dy opdracht koed er fierder as yllustrator.Tomketiid mei tekener Luuk Klazenga, de Moanne, 18 july 2013
Tomke Luuk Klazenga wie de tekener fan Tomke en die dit al sûnt it begjin yn 1996. Hy makke yn al dy jierren in ûntelber soad tekeningen by ferhaaltsjes, by filmkes, wurkjes, kleurplaten en oar edukatyf materiaal.
Foar in Tomke ôflevering moast er fluch wurkje, mei't der foar ien ôflevering fan Tomke wol in stik as fyftjin tekeningen nedich wiene. Gauris ferstoppe hy in grapke yn syn tekeningen.
Mei syn broer hied er in draaioargel makke, dêr ’t hy ek mei optrede. By gelegenheid fan 25 jier Tomke gie de Afûk in moanne lang skoallen bylâns om in kofferke mei ferskate Tomke-spullen oan te bieden.Tomke-draaiorgel trekt langs de scholen om "jubileum kracht bij te zetten ", Omrop Fryslân, 25 maaie 2021
Earste Fryske stripboek yn kleur Tsjam kin de Fryske stripwrâld feroarje, Henk van der Veer yn Trotwaer 1996 Yn 1996 makke hy tegearre mei skriuwer Willem Tjerkstra it earste oarspronklik Frysktalige stripboek yn kleur: De reizen fan Tsjam. de vrije Fries - Jierboek útjûn troch it Frysk Genoatskip fan Skied-, Aldheid- en Taalkunde en de Fryske Akademy (1997) It boek wie it geskink de Sutelaksje en de Berneboekewike 1996. Feije van der Meer út Burgum dy’t jierrenlang mei Klazenga gearwurke by de bernetelefyzje fan Omrop Fryslân typearre Klazenga as in 'kreativeling'. "Hy wie tige goed by steat om in ferhaaltsje út te byldzjen, dat is in fak op himsels. En at der bepaalde details yn moasten, dan soarge hy altyd dat dy deryn sieten."
Simke Kloostermanpriis It berneboek ‘Tomkes foarlêsfeest’ fan de skriuwsters Auck Peanstra (1954-2016) en Riemkje Pitstra en mei yllustraasjes fan Luuk Klazenga, wûn de Simke Kloostermanpriis 2019. It winnende boek ferskynde yn 2016 by útjouwerij Afûk ta de neitins fan Auck Peanstra. Op freed 17 maaie namen Riemkje Pitstra, Luuk Klazenga en Frâns Hoogland, de widner fan Auck Peanstra, de priis yn ûntfangst yn de Petrustsjerke yn Twizel.Simke Kloostermanprijs voor Tomke, Afûk, 20 maaie 2019 It oanwizen fan dit boek as winner, wie neffens de sjuery tagelyk in earbetoan oan alle Tomke-boeken dy’t it trijemanskip fan 1996 ôf skreaun en yllustrearre hat oar it Tomke-projekt. Dit projekt wie in inisjatyf fan it Platfoarm lêsbefoardering Fryslân, bedoeld foar bern fan twa oant fiif jier. Dêrmei koe de priis ek beskôge wurde as in oeuvrepriis foar de trije skeppers fan de earste oere.Boekenijs, Fryslân Markant, 22 febrewaris 2019
Berneboeken 1996 - De reizen fan Tsjam (stripboek) by de Sutelaksje en de Berneboekewike útjûn yn opdracht van de Stichting It Fryske Boek, Afûk ISBN 9789062735242 1998 - De Elfstedentocht van Tsjam (ballonstrip); Frysk & Frij ISBN 9789073554368 2002 - De aventoeren fan Josje - Jelle Bangma; GCO ISBN 9076842167 2006 - Tomke yn ’e bistetún - Auck Peanstra en R. Pitstra; Afûk ISBN 9789062737055 2007 - Tomke en it kado; Auck Peanstra; Afûk ISBN 9789062737536 2007 - Tomke en swarte piet; Tomke en de krystkrânskes - Auck Peanstra, Riemkje Pitstra ISBN 9789062737574 2007 - Tomke nei de kapper – Riemkje Pitstra mei Monique Vogelsang (yll); ISBN 9789062737543 2008 - Tomke nei skoalle - Geartsje Douma; Afûk ISBN 9789062737871 2008 - Tomke nei de bisten - Geartsje Douma; Afûk EAN 9789062737789 2008 - Tomke nei it húske – Auck Peanstra; Afûk ISBN 9789062737864 2008 - Tomke jierboek - Auck Peanstra; (mei CD); Afûk ISBN 9789062737857 2009 - Tomke - leafste bisten; Afûk ISBN 9789062738090 2009 - Tomke nei de dokter - Geartsje Douma; ISBN 9789062738076 2010 - Tomke nei de toskedokter – Geartsje Douma; ISBN 9789062738274 2024 - Simmerboek, mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en nifelwurkjes; mei oaren ISBN: 9789493318359 2012 - Dikke tút foar Romke - Riemkje Pitstra; ISBN: 9789062738939 2013 - Tomke leart fytsen - Geartsje Douma; Afûk ISBN 9789062739561 2014 – Tomke - At ik letter grut bin; Afûk ISBN: 9789056155742 2015 - Tomke - lekker koese; Afûk; ISBN 9789492176066 2015 - 100 kear Tomke2 – Auck Penstra, Riemkje Pitstra; ISBN 9789492176134 2015 - Tomke – Leave pake Durk – Auck Peanstra; ISBN 9789062732593 2015 - Tomke útfanhûs - Geartsje Douma; Afûk; ISBN 9789492176035 2016 - Tomkes foarlêsfeest - Auck Peanstra, Riemkje Pitstra; Afûk ISBN 9789492176196 2018 - Dêr komt Tomke oan – Monique Vogelsang; Afûk ISBN 9789492176776 2020 - Tomkes bisteboekje; Afûk ISBN 9789492159250 2020 - Tomke en de seizoenen (4 boekjes yn in kassette) - Geartsje Douma; Afûk 2020 - Tomke op it iis - Geartsje Douma; ISBN 9789493159327 2020 - Tomke en de bijen - Geartsje Douma; ISBN 9789493159297 2020 - Tomke nei de bosk – Geartsje Douma, ISBN 9789493159310 2020 - Tomke op fakânsje – Geartsje Douma; Afûk ISBN 9789493159303 2021 - Tomke syn jierdei (mei tekst op rym) Riemkje Pitstra; 2021 - Tomke – Tsjinstellingen; Afûk 2022 - Tomke sjocht kleuren - Geartsje Douma; Afûk ISBN 9789493159730
Kategory:Frysk yllustrator Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Jirnsum Kategory:Persoan berne yn 1964 Kategory:Persoan stoarn yn 2024