Tadej Pogačar (Klanec, 21 septimber 1998) is in Sloveensk hurdfytser, yn 2024 wûn Pogačar sawol de Omgong fan Itaalje as de Omgong fan Franryk.

Karriêre Pogačar bruts yn 2019 troch by it grutte publyk troch op 20-jierrige leeftiid tredde te wurden yn de Vuelta. Yn 2020 waard er de op ien nei jongste winner ea fan de Omgong fan Frankryk. Pogačar wurdt algemien beskôge as ien fan de bêste hurdfytsers fan de wrâld en wûn yn 2021 de Vélo d'Or, in trofee foar de bêste hurdfytser fan 'e wrâld fan in beskaat jier.

As spesjalist yn grutte omgongen wûn Pogačar trije kear de Omgong fan Frankryk (yn 2020, 2021 en 2024) en helle der 17 etappe oerwinningen. Yn 2024 heakke er dêr de Omgong fan Itaalje oan ta.

Ek yn it klassike wurk is hy in wrâldtopper, tsjûge syn seges yn de hurdfytsmonuminten: ien kear Omgong fan flaanderen, twa kear Luik-Bastenaken-Luik en trije kear de Omgong fan Lombardije. Fierder wûn er ek al twa kear de Strade Bianche, Parys-Nice, twa kear de Tirreno-Adriatico, de Amstel Gold Race en de Waalske Pylk.

Dielnimming oan grutte omgongen Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk 2020 - 15px15px15px 1e; winner 9e, 15e en de 20ste etappe. 2021 - 15px15px15px 1e; winner 5e, 17e en de 18e etappe. 2022 - 15px 2e; winner 6e, 7e en de 17e etappe. 2023 - 15px 2e; winner 6e, en de 20ste etappe. 2024 - 15px 1e; winner 4e, 14e, 15e, 19e, 20ste, en de 21ste etappe. 2025 - 15px15px 1e; winner 4e, 7e, 12e en de 13e.

Dielnimming oan de Omgong fan Spanje 2019 - 15px 3e; winner 9e, 13e en de 20ste etappe.

Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje 2024 - 15px15px 1e; winner 2e, 7e, 8ste, 15e, 16e en de 20ste etappe.

Ploegen 2017-2018 - Ljubljana Gusto Xaurum 2019- - UAE Team Emirates

Kategory:Sloveensk hurdfytser Kategory:Winner fan de Omgong fan Itaalje Kategory:Winner fan de Omgong fan Frankryk Kategory:Sloveensk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1998