De Bûnte Hin is in oaljemûne oan 'e Saanske Skâns yn 'e gemeente Saanstêd. De Bûnte Hin is de noardlikste mûne oan 'e Skâns.
Skiednis Op it plak fan 'e hjoeddeiske Bûnte Hin hat eartiids in houtseachmûne mei deselde namme stien. Dy mûne komt foar it earst foar yn in akte fan 16 febrewaris 1662 en is yn 1693 ôfbrutsen. Yn dat jier waard de oaljemûne De Bûnte Hin boud. Oant 1935 bleau de mûne yn syn oarspronklike steat stean. Yn dat jier waard it achtkant en de stelling weibrutsen.
Yn 1973 krige de feriening De Zaansche Molen de romp yn syn besit. Mei in aksje en oerheidssubsydzje koe de feriening de mûne restaurearje en rekonstruearje ta in mealreë oaljemûne. Sûnt is de mûne alle wiken op frijwillige basis yn bedriuw. Under de mûne binnenoch de orizjinele kelders foar it opslaan fan 'e produsearre oalje. Keppeling om utens feriening De Hollânske Mûne.
Kategory:Bouwurk yn Saanstêd Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Hollân Kategory:Mole yn Noard-Hollân Kategory:Stellingmole Kategory:oaljemole Kategory:Bouwurk út 1693