thumb|Melis Stoke oan it hof fan Jan II fan Avesnes, greve fan Hollân en Seelân right|thumb|200px|Earste side út de Rymkronyk Melis Stoke (~1235 - ~1305) wie in Nederlânsk skriuwer út de 13e iuw.

Biografy Melis Stoke waard wierskynlik berne yn Seelân yn 1235 en is om 1305 hinne stoarn. Hy skreau in kronyk op rym oer de greven fan Hollân. Syn ferneamdste wurk is ien fan de earste boeken dy't yn it Nederlânsk ferskynden, de Rymkronyk. Melis basearre him op âldere skreaune boarnen, tsjûgeferklearrings en syn eigen waarnimmings.

Melis Stoke wie in klerk en wurke foar de Hollânske greve Floris V. Yn syn skriuwen is er altyd haatlik oer de Friezen en harren saneamde frijheid, want neffens Melis wy hjir gjin sprake fan. Stoke berymde de libbens fan de Hollânske greven troch in oersetting te meitsjen fan it yn Latyn skreaune Chronicon Egmundanum. Mei it matearial dat er yn dit kleasterkroanyk tsjinkaam koe er de rjochten fan de Hollanske greven op Mid-Fryslân oannimlik meitsje.

Keppeling om utens by it Instituut voor Nederlandse Geschiedenis, Rijmkroniek van Holland on-line

Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Midsiuwsk skriuwer Kategory:Kronykskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1235 Kategory:Persoan stoarn yn 1305