Foarfallen febrewaris - De belegerjende Spaanske troepen foar Antwerpen slute mei tsientallen skippen de Skelde ôf. Fan gefolgen wurdt de befoarrieding fan 'e stêd ûnmooglik. 29 july - De Fryske steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg stiftet de Universiteit fan Frjentsjer, dy't feitlik in teologyske hegeskoalle is. augustus - De Ingelsen fêstigje in koloanje op it eilân Roanoke, foar de kust fan it lettere Noard Karolina. 27 augustus - Nei in moannenlang belis wurdt de stêd Antwerpen ferovere troch de Spaanske lânfâd Aleksander Farnese, hartoch fan Parma. Dyselde forsearret hjirmei in definitive skieding fan de Noardlike en de Súdlike Nederlannen. Nei de fal flechtsje 60.000 fan 'e 100.000 Antwerpsters nei it noarden. 1 novimber - Maurits fan Oranje-Nassau wurdt steedhâlder fan Hollân en Seelân. sûnder datum - Nimwegen falt yn Spaanske hannen. sûnder datum - Foar it earst wurdt op kommersjele basis sûkelarje nei Jeropa ferfierd, mei in skip fan Veracruz nei Sevilla. sûnder datum - De boekdrukkerij Plantijn ferlit Leien en fêstiget him fannijs yn Antwerpen.

Berne ein jannewaris - Hamnet Shakespeare, soan fan William Shakespeare († 1596) ein jannewaris - Judith Shakespeare, Ingelsk húsfrou, dochter fan William Shakespeare († 1662) 16 maart - Gerbrand Adriaensz. Bredero, Nederlânsk skriuwer († 1618) 5 septimber - kardinaal Armand du Plessis, hartoch fan Richelieu, earste minister fan Frankryk († 1642) 4 oktober - Anna fan Tiroal, keizerinne-gemalinne fan it Hillige Roomske Ryk († 1618) 9 oktober - Heinrich Schütz, Dútsk komponist († 1672) datum ûnbekend Luis Carrillo y Sotomayor, Spaansk dichter en skriuwer († 1610)

Ferstoarn 4 april - Caspar de Robles, Spaansk steedhâlder fan Fryslân en Grinslân (* 1527) 10 april - paus Gregoarius XIII (* 1502)

Kategory:16e iuw